Springe nei ynhâld

Slach by Bomstersyl

Ut Wikipedy
Slach by Bomstersyl
Part fan Dieling fan Fryslân
datum: 14 july 1500
plak: Bomstersyl, Nijesyl
útkomst: Oerwinning fan Albrecht fan Saksen en de Skieringers.
konfliktpartijen
Albrecht fan Saksen, Skieringers Friezen, Fetkeapers
befelhawwers
Wilwolt fan Schaumberch, Neithard Fucks
sterkte
10.000 1.500
ferliezen
net bekend 100-300 deaden

De slach by Bomstersyl wie in Fryske fjildslach op 14 july 1500 by Bomstersyl, in syl oan de westkant fan it hjoeddeiske Nijesyl. In leger fan om-ende-by 1.500 Fryske opstannelingen waard dy dei ferslein troch in grut hierlingeleger fan de Dútske gubinator en potentaat Albrecht fan Saksen; tusken de 100 en 300 man sneuvelen.

Yn 1500 kaam Westerlauwersk Fryslân, de Ommelannen en stêd Grins massaal yn opstân tsjin Albrecht fan Saksen dy't dêr doe krekt syn bewâld fêstige hie. De soan en plakferfanger Hindrik fan Saksen lei Fryslân ferskillende belestings op. De Fryske befolking, dy't soks net wend wie, woe dêr neat fan witte. It ynfoarderjen ferrûn tige min en by Boalsert ûntstie rebûlje doe't Hessel Martena notabelen finzen sette en folsleine doarpen brânskatte dy't wegeren om te beteljen.

De bewenners yn de omkriten kamen yn opstân tsjin dy hannelwize dy't oangrepen waard troch in tal Fetkeaperske haadlingen, dêr't Tsjerk Walta by wie dy't in breed ferset organisearre tsjin it Saksyske bewâld. Dy opstân late fuort ta it belis fan Frjentsjer dêr't Hindrik op it Sjaardemaslot tahâlde. Healwei maaie belegeren tûzenen Friezen de stêd wylst de Saksyske besetting út mar trijehûndert hierlingen en wat Skieringer haadlingen bestie. Nettsjinsteande harren grutte ûndertal slagge it harren lang genôch om hoek te hâlden.

Albrecht fan Saksen hâlde ta yn Eastfryslân by Edzard Sirsena, doe't er te hearen krige dat syn soan yn Frjentsjer belegere waard. Hy reizge fuort ôf nei Fryslân oan it haad fan in grutte legermacht. De Friezen besochten dat leger te kearen en op inisjatyf fan Grins hie in grut boereleger him ferskânze op de dyk rjochting Westerlauwersk Fryslân. It leger fan Albrecht wie lykwols net botte hastich om oan te fallen. Wittende dat it Fryske leger benammen út boeren bestie en yn de ûngetiid- en rispingetiid dreech byelkoar te hâlden wie, belegere it Saksyske leger earst de stêd Grins. En wat Albrecht ferwachte kaam út, want nei in wike wachtsjen begûn it Fryske leger stadichoan leech te rinnen. In protte woenen net langer wachtsje mei it ynheljen fan harren hea. Op 14 july (heamoanne) foelen de Saksen oan en fersloegen it oerbleaune leger. Oan Fryske side sneuvelen tusken de 100 en 300 manlju.

De nederlaach hat ûntmoedigjend wurke op de belegerers fan Frjentsjer. It grutste part naaide út, it oerbleaune part waard ferslein, sadat de stêd wer ûntsetten wurde koe. Wreed wie de wraak fan Albrecht, benammen de stêd Ljouwert moast it belije en rûnom waarden stinzen en doarpen troch him ferwoaste. Bang foar represailles binne doe in protte Friezen nei it bûtenlân flechte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Worp fan Thabor,
  • Sicke Benninge, Chronickel der Vriesche Landen ende stadt Groningen .
  • Jancko Douwama, Boek der partijen
  • Eggerik Beninga, Cronica der Frezen.