Tsjerk Walta
Tsjerk Tsjerks Walta (Tsjerkwert?, 1440 - 1522) wie in Fetkeaperske haadling dy't op de Waltastate yn Tsjerkwert wenne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerk Walta wie in soan fan Tjerk Juwenga fan Walta en Ebel fan Walta. Hy troude mei Tieth Johansdochter fan Herema en fan de seis bern dy't troch Buwalda neamd wurde, nimt Johan Tjerks de namme fan syn mem oan, mar trout mei in fan Juwinga.
Walta waard yn 1494 grytman fan Barradiel. Yn 1494 waard Waltastate troch de Frjentsjerters en Snitsers ynnomd en fernield. Tsjerk Walta kaam yn 1496 mei in legerke fan Boalserters en Warkumers nei Koarnwert om Edo Jongema te pakken. Hy waard lykwols troch Sjoerd Lieuwes fan Beyma twongen om it belis fan de doarpstoer yn Koarnwert op te brekken. Dêrnei swalket hy yn 1498 rôvjend en moardzjend mei in leger yn Fryslân om, mei syn maten Douwe Hiddema en Doede Bonga fan Kimswert.
Op 10 juny 1498 focht er yn de Slach by Laaksum tsjin it leger fan de Saksyske hartoch. Yn de Slach by Bomstersyl wie er ek fan de partij.