Flissingen (stêd)

Ut Wikipedy
Flissingen (stêd)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Flissingen
Sifers
Ynwennertal 44.132 (2020 [1])
Oerflak 344,84 km² (wêrfan wetter 310,53 km²
Befolkingstichtens 1.286 km²
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.vlissingen.nl

Flissingen (Nederlânsk en offisjeel: Vlissingen, Siuwsk: Vlissienge) is in stêd yn de gemeente Flissingen yn de Nederlânske provinsie Seelân.

It leit oan de noardside fan de Westerskelde op Walcheren. De stêd Flissingen telt ûngefear 44.000 ynwenners, en krige yn 1315 stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flissingen waard tsjin it ein de 12e iuw foar it earst neamd en kige yn 1315 stedsrjochten. Eastlik fan de stêd waard yn 1547 it fort Rammekens boud om de skippen fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy te beskermjen. De stêd makke opgong troch de hearringhannel en de sâltwinning, mar ek troch de Kaapfeart en de trans-atlantyske slavehannel fan reders. Kening Filips II fan Spanje, hear fan de Nederlannen, gyng yn 1559 yn Flissingen oan board nei Spanje, om nea wer in foet op Nederlânske grûn te setten. As ien fan de earste Nederlânske stêden kaam Flissingen yn 1572 yn opstân tsjin de Spaanske hearsker.

Fregatten op de weromreis nei it fort Rammekens

Yn 1573 slagge in geuzenfloat yn de Slach by Flissingen der yn in kanonnenbombardemint op de stêd troch de Spaanske Armada tefoarren te kommen. Flissingen waard yn 1585 mei Brielle en fort Rammekens troch Willem fan Oranje oan keninginne Elizabeth I ferpâne as skeafergoeding foar it jild dat lient wie en de militêre help foar de kriich. Oant 1616 holden de Ingelske troepen de stêden beset. Doe'wie de skea fergoede en waarden de plakken oerdroegen oan de Republyk.

By it ûndertekenjen fan it Ferdrach fan De Haach yn 1795 waard besletten dat Frankryk in garnizoen militêren yn Flissingen mocht legerje. De havens mochten ynearsten troch sawol Frankryk as Nederlân brûkt wurde. Neffens it Ferdrach fan Fontainebleau waard de Siuwske stêd Flissingen ôfstien oan it Keizerryk Frankryk.

Yn 1809 lannen by de Napoleontyske oarloggen Britske troepen op Walcheren en waard Flissingen besingele. Ynearsten wiene de besjittings net sa swier mar twa dagen letter waarden 1100 kanonnen ynset. In soad gebouwen rekken skeind, it bekendste gebou dêrûnder it stedhûs op de Grote Markt. De besjittings fan de stêd troch de Ingelsen hie fan gefolgen dat Flissingen útwreide waard ta fêstingstêd. Flissingen krige oan de kant fan it lân in grêft en om de stêd hinne waard in rige forten oanlein. Ek oan de kant fan de see waard de stêd fersterke, dêr't oant hjoeddedei resten fan te sjen binne. Doe't de Frânsen yn 1814 de stêd ferlieten wie Flissingen feroare yn in deade stêd.

Binnenhaven

Yn de jierren 1930 woe de boargemaster fan Flissingen de ekonomy fan de stêd befoarderje troch toerisme, haven en yndustry. Om it toerisme te befoarderjen wie yn de jierren 1920 al in fleanfjild oanlein yn it noarden fan Flissingen. De havens waarden útwreide en Flissingen waard as baaiplak op de kaart set. Dêrfoar waarden in strân en in pier oanlein. De pier waard yn de Twadde Wrâldkriich yn opdracht fan de besetter wer ôfbrutsen om sa in alliearre lanning tefoarren te kommen. Yn oktober 1944 kaam Flissingen yn it ramt fan de ynundaasje ûnder wetter te stean. Foar dit alliearre plan waarden ferskate diken bombardearre en rûn it grutste part fan Walcheren ûnder wetter. De Dútske fersterkings waarden swakker en de alliearre krêften krigen in bettere tagong ta de Skelde en de haven fan Antwerpen.

Skipfeart en skipsbou hawwe altiten fan grutte betsjutting west foar Flissingen. Yn de rin fan de tiid wie de skipswerf "De Schelde" hieltiten grutter wurden. De bou fan nij en grutte fabrykshallen makke it ôfbrekken fan in grut diel fan de histoaryske binnenstêd needsaaklik. Doe't "De Schelde" nei 120 jier ferhûze nei it nije havengebiet Flissingen-East, liet it bedriuw in grut gat yn de stêd efter. It gebiet is opkocht troch de gemeente om dêr in nijbouwyk del te setten, mar de kredytkrisis soarge der foar dat it projekt in tige dreech ferrin krige sadat it de gemeente op de râne fan de finansjele ôfgrûn brocht.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet in ferhaal dat Sint-Willibrord yn de 7e iuw yn Flissingen oankaam mei in flesse. Hy dielde de ynhâld fan de flesse mei de bidlers en besocht har te bekearen. Mar lykas mei de bibelske Wûndere Spiziging woe de flesse net leechreitsje. Doe't de biskop fernaam dat de bidlers net harkje woene nei syn boadskip joech er de flessse wei en neamde er it plak "Flessinghe".

In oare boarne wol ha dat de namme fan in âld fearhûs stamt mei in flesse oan de gevel. De muonts Jakob fan Dreischor, dy't it plak yn 967 besocht, joech doe it fearhûs "it fear oan de flesse". Om't in soad plakken yn dy tiid it efterheaksel -inge krigen, ferbastere de namme letter nei Vles-inge.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Finzenistoer

Flissingen is ryk oan monuminten en ien fan de 17 beskerme steds- en doarpgesichten yn Seelân. Yn de simmermoannen binne der in soad toeristen. It âlde sintrum telt sa'n 300 monuminten.

Monuminten (kar-út)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Grutte- of Sint-Jakobustsjerke út 1308-1328
  • It beursgebou op it Beursplein (1635)
  • Jugendstil-loadsenhûzen oan de Spuistraat
  • It Fort Rammekens
  • Keizersbolwurk (1548, útwreide yn de Frânske tiid) mei it stânbyld fan Michiel de Ruyter
  • Finzenistoer oan de boulevard (16e iuw; eartiids ûnderdiel fan de Westerpoarte)
  • It Arsenaal
  • Napoleontyske festingwurken oan de Commandoweg
  • Oranjemûne oan de Oranjedijk

Troch de lizzing oan de Skelde en it drokke skipferkear is Flissingen in fleurige en libbene stêd.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Siuwsk Maritym muZEEum
  • Reptielenzoo Iguana (opfangpark foar reptilen en amfibyen)
  • It Arsenaal (attraksjepark)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side