Departemint Drinte

Ut Wikipedy
Departeminten fan it Keninkryk Hollân

It departemint Drinte wie in Nederlânsk departemint yn de Frânske Tiid. It bestie fan 1807 oant 1811. De haadstêd wie Coevorden.

Nei de oprjochting fan it Keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de departemintale yndieling fan it ryk fêststeld. It departemint Oerisel fan it Bataafsk Mienebest waard splist yn twa dielen: It súdlik part hold de namme departemint Oerisel; it noardeastik diel foarme it nije departemint Drinte en besloech it grûngebiet fan de hjoedeistige provinsje Drinte.

Lândrost fan Drinte wiene:

Petrus Hofstede (8 maaie 1807 – 1 jannewaris 1810)
Jan Adriaan van Zuylen van Nijevelt (1 jannewaris 1810 – 28 desimber 1810)

Nei de anneksaasje fan it keninkryk Hollân op 9 july 1810 waard it departemint op 1 jannewaris 1811 mei it Departemint Grinslân ferienige ta it Frânske departemint Westeriems (Frânsk: Ems-Occidental).