Departemint Utert
Departemint Utert Departement Utrecht | |
---|---|
1802-1810 | |
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
Departemint Utert yn 1802 | |
polityk | |
lân | Bataafsk Mienebest Keninkryk Hollân |
haadstêd | Utert |
talen | Nederlânsk |
foarm | Departemint fan it Bataafsk Mienskip (1802-1807) Departemint fan it Keninkryk Hollân (1807-1810) |
ûntstien út | Departemint fan de Delf Departemint fan de Ryn Departemint fan Tessel |
opgien yn | Departemint Sudersee |
no diel fan | Provinsje Utert |
sifers | |
ynwennertal | |
befolkingstichtens | |
oerflak |
It departemint Utert wie in Nederlânsk departemint fan 1802 oant 1810. De haadstêd wie de stêd Utert.
Nei it oprjochtsjen fan it Bataafsk Mienebest yn 1801 waard by wet fan 21 juny 1802 de yndieling afn it ryk fêstlein. De grinzen fan it eardere goa Utert fan de Bataafske Republyk waarden weromdraaid. De hearlikheid Fianen, dy't yn 1725 troch de Steaten fan Hollân oankocht waard, waard by Utert foege.
Nei it oprjochtsjen fan it keninkryk Hollân yn 1806 waard by wet fan 13 april 1807 de yndieling fan it ryk fêstlein. De grinzen fan it departemint bleaune likernôch itselde.
Lândrost fan Utert yn it keninkryk Hollân wie Jan Hendrik van Lynden van Lunenburg (8 maaie 1807 – 28 desimber 1810).
Doe't it keninkryk Hollân op 9 july 1810 by it Earste Frânske Keizerryk foege waard, waard it departemint Utert mei it departemint Amstellân gearfoege ta it departemint Sudersee.
Departeminten fan it Bataafsk Mienebest | ||
---|---|---|
Bataafsk-Brabân • Departemint Fryslân • Departemint Gelderlân • Departemint Hollân • Departemint Oerisel • Departemint Seelân • Departemint Stêd en Lannen fan Grinslân • Departemint Utert | ||
· · |
Departeminten fan it Keninkryk Hollân | ||
---|---|---|
Amstellân • Brabân • Drinte • East-Fryslân • Gelderlân • Grinslân • Fryslân • Maaslân • Oerisel • Seelân • Utert | ||
· · |