Drieborg
Drieborg | ||
Yngong mei komboerd yn Drieborg | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 460 (2023) [1] | |
Oerflak | 19,99 km² wêrfan lân: 19,36 km² wêrfan wetter: 0,62 km² | |
Befolkingsticht. | 227 ynw. / km² | |
Oar | ||
Stifting | 1696 | |
Postkoade | 1422 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 12' N 7° 11' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Drieborg yn eardere gemeente Reiderlân |
Drieborg (Grinslânsk: Drijbörg) is in doarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. Op 1 jannewaris 2019 hie it doarp en syn himrik neffens it CBS 480 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Drieborg ûntstie nei it oanlizzen fan de Kroonpolder yn 1696 op de eardere seedyk of Oudedijk. Dêrfoar lei der al in lytse delsetting mei inkelde pleatsen op ferhege hiemen by dy dyk del, dy't Stocksterhorn neamd waard. Ien fan dy pleatsen hiet neffens in âlde kaart Het Zuijder Huijs. Yn de Midsiuwen lei yn dy omkriten it tsjerkedoarp Wynedaham.
Drieborg wie ynearsten part fan it doarp Oudedijk. De namme Drieborg komt foar it earst neamd yn 1818 en ferskynt yn 1850 pas op topografyske kaarten en yn registers fan de boargerlike stân. Mei it wurd drijbörg wurdt trochstrings in hûs mei trije wenten bedoeld. Ek wurdt der wol nei de trije diken, dy't dêr byïnoar komme, ferwiisd.
Benoarden it doarp lizze de Stadspolder en de Kroonpolder. De twa polders lizze goed ien meter heger as it âldere lân besuden it doarp, dat minder heech opslike waard en dêr't de klinige (feanige) ûndergrûn ynklonken is.
Drieborg wie altyd in lânwurkersdoarp. De wurklju wurken op de grutte pleatsen yn de omkriten. It Aldamt woeks yn de achttjinde en njoggentjinde iuw, om't der wer lân fan de see werom wûn waard. It waard de "nôtskuorre fan Nederlân", dêr't de ferhâldings tusken de boeren en de wurklju hieltyd minder waarden.
Nei de Twadde Wrâldkriich sette de meganisaasje yn de lânbou útein en wie der hieltyd minder ferlet fan arbeidskrêften. Dat late ta it fuorttôgjen fan bewenners. Yn Drieborg waarden der dêrtroch in grut tal huzen sloopt.
Berne yn Drieborg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Koert Stek (1926-2012), kommunistysk politikus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |