Springe nei ynhâld

Wynedaham

Ut Wikipedy

Wynedaham is in ferdronken tsjerkedoarp yn it Reiderlân.

De namme is, kreksa as dy fan Wynskoat en Wymeer, nei alle gedachten ôflaat fan de Germaanske winithi-, dat "greide", "miede" betsjut, mei it efterheaksel -ham, dat "hoeke", "oerd" of "finne" betsjut. De doarpen Houwingaham en Blijham krigen harren namme ek fan it lege klaailân, dat by de Westerwâldske Aa del lei.

Wyneda ham waard foar it earst neamd yn in ferdrach út 1391. By it fernijen fan it ferdrach yn 1420 komt it plak foar as Wiveldaham. Wynedaham foel ûnder it bisdom Múnster yn tsjinstelling ta de neiere plakken Beerta en Ulsda dy't ûnder Osnabrück foelen.

Wynedaham moast net fier fan it plak lein hawwe, dêr't de Tsjamme yn de Reider Ie útmûne. De Tsjamme wie tagelyk ek de skieding fan it grûngebiet fan Wynedaham mei de oanbuorjende doarpen Reiderwâlde en Megenham.

Yn Wynedaham stie de boarch fan de Reiderlânske haadling Tidde Wyneda, dy't yn 1391 Tydwyneda borch, en yn 1420 Twiddingaborch neamd waard. Wynedaham ferdwûn yn de fyftjinde iuw, want yn in list fan kerspels fan it Bisdom Múnster út de fyftjinde iuw stie Wynedaham yn de kategory ferdronken doarpen (Ecclesiae vacantes aqua depost submersae omnes) en yn in sechtjinde iuwske list fan ferdronken doarpen waardWymelda ham neamd. Wynedaham waard by de oerstreamings troch wetter fan de Doalert foar it grutste part ûnderstrûpt. De oerbliuwende ynwenners fan Wynedaham en Houwingahof waarden tenei by it kerspel Beerta yndield.

De namme fan it plak waard stadichoan fergetten. Neffens in beskriuwing út 1620 rûn de Tsjamme oarspronklik fan de Meden oant Winingaham. By plannen foar it yndykjen fan de polder yn 1636 hannelen fertsjintwurdigers fan Beerta noch hieltyd foar de lânbesitters yn Ulsda en Wijnegaham. It uterdyks lân waard yn lettere kaarten wol "âld lân" neamd. Pleatsen yn de Beertsterham en Stocksterhorn leine ynskarre en wiene mienskiplik besit (in mienskar of buorfinne), dy't yn 1629 troch de stêd Grins oankocht waarden fan it kerspel Beerta. Dy kwelders waarden fan 1696 ôf part fan de Kroonpolder.

Der waard oannaam dat Wynedaham yn de Kroonpolder lein hat. A.J. Smith dy't fan âldere kaarten útgie tekene Wynedaham as earste efterdyks. Dat bliek in fersin te wêzen. De kaart dêr't er nei ferwiisde, komt nei alle gedachten út 1605. Dêrop waarden by Drieborg al inkelde uterdykse huzen oanjûn, dêr't de tsjerken fan Winedaham, Megham, Houuingaham alias Opham & Utham letter yntekene waarden. Wynedaham lei neffens dy kaart yn De Binnenlanden by Nieuw-Beerta yn de pleats Hamsterhof, dêr't yn de njoggentjinde iuw fûneminten fan in tsjerke fûn waarden. It efterheaksel -hof ferwiisd nei in âld tsjerkhôf, dus der wurdt fan útgien dat dat it tsjerkhôf fan Wynedaham wie.

Ek de hjoeddeiske tsjerke fan Nieuw-Beerta waard yn 1665 op in lape tsjerkelân dy't mooglik fan in eardere parochy wie.

Wynedaham moat lykwols net mei Wynham, dat justjes fierderop lei, betiisd wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: