Wynham

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Wynham is in ferdronken doarp yn de Doalert by Ditzumerverlaat.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wynham moat lykwols net betiisd wurde mei Wynedaham dat tichteby de Punt fan Reide lein hat. Beide doarpen koene faaks wol ien hiel foarme hawwe. Op de stinswier mei deselde namme oan de Klosterlohne, ek bekend as Waterborg, stie nei alle gedachten oant yn de twadde helte fan de fyftjinde iuw in stins fan de hearen fan Wynham, dy't fier besibbe wiene oan de Eastfryske greven. Beheind argeologysk ûndersyk yn 1961 hat net al tefolle om 'e nocht oplevere.

It doarp waard mooglik al yn de tsiende iuw as UUinghem neamd. Yn de sechtjinde iuw wurdt der sprutsen fan Wyndeham in Rederland (Beninga), Wineham of Wijneham. Dêrnei Winhamb (1632) of Wienham (1750). Om 1620 hinne wiene de Wynhamsterlannen ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de diken yn it Schaeckßwold of uffem Schoekswoldt yn it karspel Ditzum. Wynham grinzge mooglik oan it ferdronken doarp Ditzumerwold. It gebiet noardlik fan Wynham wurdt op santjinde en achttjinde iuwske kaarten ek wol Reiderhammerick neamd, wylst dykregisters it oer Reiderwehrland hiene.

By in dyktrochbraak yn 1610 ûntstie de Wynhamster Kolk, in wiel fan 160 hektare, dy't yn 1804 mei in grûnsiler drûchmeald waard. De eardere wiel is mei syn lizzing fan 2,2 meter ûnder de seespegel it leechste plak fan Nedersaksen. De Landschaftspolder ûntstie yn 1752 op de kwelders foar de Wynhamster Außendeich.

It soe wêze kinne dat de doarpen Wynham en Wynedaham ea yn inoars ferlingde lein hawwe kinne, en mei-inoar yn karspel foarme hawwe. Sokke lange delsettings oan wjerskanten fan in rivier is ek op de hichte fan Midwolda, Scheemda en Oostwold. De nammen soene dan gearhingje kinne, hoewol't in ôflieding fan in persoansnamme Wyne mei de meartalsútgong -ingi - "de úthoeke fan dejingen fan Wine" - dat ek alhiel mooglik wêze kin.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Klaus-Dieter Voß, Die Familien der Kirchengemeinde Ditzumerverlaat (1853-1900), Auwerk 1999, siden 16-21.