List fan hearskers yn Eastfryslân

Ut Wikipedy

Hearskers út it Sirksena-laach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de ûndersteande list steane alle regenten fan Eastfryslân fan de stifting fan it greefskip yn 1464 oant it útstjerren fan it Sirksena-laach yn 1744. De regenten steane yn folchoarder fan tiid.

Ofbyld Namme Perioade Titel Bysûnderheden
Ulrich I 1464 - 1466 Greve Ulrich I wurdt yn 1654 yn de ryksgrevestân ferheven. Syn haadresidinsje ferleit Ulrich I fan Greetsiel nei Emden.
Theda Ukena 1466 - 1491 Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân
Edzard I fan Eastfryslân (Edzard de Grutte) 1491 - 1528 Greve Under lieding fan Edzard I wurdt de reformaasje trochfiert en wurdt Eastfryslân gau grutter. Under syn lieding wurdt it Eastfryske Lânrjocht ynfiert.
Enno II fan Eastfryslân 1528 - 1540 Greve
Anna fan Aldenboarch 1540 - 1561 Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân
Edzard II fan Eastfryslân 1561 - 1599 Greve Enno II regeart fan 1558 oant 1561 mei syn mem, Anna. Dêrnei oant 1591 mei syn broer Jehan II. Fan 1591 oant en mei 1599 is Enno II allinnich hearsker oer Eastfryslân.
Jehan II fan Eastfryslân 1561 - 1591 Greve Jehan II regeart yn gearwurking mei syn broer tusken 1561 en 1591
Enno III fan Eastfryslân 1599 - 1625 Greve
Rudolf Kristiaan fan Eastfryslân 1625 - 1628 Greve
Ulrik II fan Eastfryslân 1628 - 1648 Greve
Juliana fan Hessen-Darmstadt 1648 - 1651 Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân
Enno Loadewyk fan Eastfryslân 1651 - 1660 Greve, sûnt 1654 Foarst De âldste soan fan Ulrik II wurdt yn 1651 Greve fan Eastfryslân. Yn 1654 wurdt hy troch keizer Ferdinand III yn de ryksfoarstenstân ferheven.
Joaris Kristiaan fan Eastfryslân 1660 - 1665 Foarst
Kristine Sjarlotte fan Wuertemberch 1665 - 1690 Regintesse fan it Greefskip Eastfryslân
Kristiaan Evert fan Eastfryslân 1690 - 1708 Foarst
Joaris Albrecht fan Eastfryslân 1708 - 1734 Foarst
Karel Edzard fan Eastfryslân 1734 - 1744 Foarst De lêste hearsker fan Eastfryslân fan it Sirksena-laach. Nei syn dea wurdt it regear fan Eastfryslân oernaam troch Freark II fan Prusen.