Scheemda

Ut Wikipedy
Scheemda
Sintrum fan Scheemda
Sintrum fan Scheemda
Emblemen
               
Sifers
Ynwennertal 4.985 (2021)[1]
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
Oar
Ferkearsieren A7 N362
spoar fan Grins nei Bad Nijeskâns
Postkoade 9677-9682, 9940-9944
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' NB, 6° 58' EL
Frijsteande toer fan de Herfoarme tsjerke
Frijsteande toer fan de Herfoarme tsjerke
Herfoarme tsjerke
Herfoarme tsjerke
Offisjele webside
www.scheemda.nl (argivearre)
Kaart
Scheemda (Grinslân)
Scheemda

Scheemda (Grinslânsk: Scheemde) is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It plak leit yn de regio en de âlde Fryske goa Aldamt.

Yn 2019 hie it plak, mei Eexta, Eexta-Súd en de buorskippen Scheemdermeer en Scheemderzwaag ynbegrepen, neffens it CBS 4970 ynwenners.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scheemda hiet oarspronklik Eexta-scheemte (de hiemen fan Eexta), dat letter ôfkoarte waard ta Scheemte en sadwaande ta Scheemda.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Scheemda ûntstie nei alle gedachten oan de ein fan de tolfde iuw. Yn de trettjinde iuw waard der in tsjerke mei in lossteande toer boud. Scheemda ûntstie yn in feangebiet op it "Skiereilân fan Wynskoat", dat yn gebrûk as kultuergrûn naam waard en dêr't, lykas by Eexta, rogge ferboud waard en fee holden waard. Dêrtroch moast it feangebiet ûntwettere wurde, dêrtroch't it fean begûn yn te klinken en de grûn begûn te sakjen. Dat makke it ôfwetterjen hieltyd slimmer. Yn 1391 waard Scheemda yn in wetterskiedingsakte, dat troch de bestjoeren fan it Aldamt en it Reiderlân opsteld waard, foar it earst skriftlik neamd. By de Twadde Kosmas- en Damianusfloed fan 1509 ferdwûn it doarp yn de úttynjende Doalert. Dêrnei waard it doarp fannijs boud likernôch in kilometer westlik op in heger plak tichter by Eexta. It plak fan de âlde tsjerke fan Scheemda, en it tsjerkhôf dat der by hearde, stiet bekend as Ol' Kerkhof (Ald Tsjerkhôf). Yn 1988 en 1989 waarden troch opgravings de âlde fûneminten fan de tsjerke en toer werom fûn. Yn 1992 waard troch it ferdûbeljen fan de A7 de nije dyk der oerhinne lein.

Scheemda en Eexta leine hiel ticht byïnoar, mar de twa doarpen woene lykwols selsstannich bliuwe. Yn 1515 waard de nije tsjerke fan Scheemda boud, en yn 1570 oanfolle mei in lossteande toer. Dy tsjerke stiet eins mar 700 meter fan it plak dêr't oant 1870 de grutte trettjinde iuwske Tsjerke fan Eexta stien hat.

Tusken 1635 en 1640 waard, lykwols mei in soad tsjinstribbeljen, it Wynskoaterdjip groeven tusken de twa doarpen troch. Der waard in stiennen bôchbrêge oer it kanaal boud dy't de twa doarpen meiïnoar ferbûn. It kanaal waard in wichtige boarne fan ferfier tusken Grins en Wynskoat en dêrtroch ûntstiene yn Scheemda en Eexta in soad hannel en bedriuwigens. De twa doarpen woeksen dêrtroch hurd nei inoar ta. Yn 1724 waard skreaun dat de twa doarpen it suver uterlik fan in stedsje hiene. Scheemda en Eexta waarden stadichoan in dûbeldoarp.

Yn 1868 waard stasjon Scheemda boud yn Eexta. Tusken 1900 en 1968 draaide de striekartonfabriken fan De Toekomst by Scheemda. It kompleks, mei de hege skoarstientoer is fan de A7 ôf te sjen.

Nei de Twadde Wrâldkriich ûntjoech Scheemda himsels ta in forinzedoarp fan Wynskoat. Yn 1954 waard it Wynskoaterdjip nei it suden ferlein, dêr't de âlde rin foar it grutste part dimpt waard. Scheemda woeks stadichoan fêst oan syn dûbeldoarp Eexta, dat yn 1964 opheft waard en in part fan Scheemda waard. De befolking ûnderskied de twa kearnen hieltyd noch wol. De A7 waard yn 1992 oanlein bylâns Scheemda.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Esbörg

Yn it doarp stiet it gebou de Esbörg út de achttjinde iuw. Neffens de eigeners giet it om in boarch, mar it komt net foar yn it standertwurk Ommelander Borgen en Steenhuizen fan Formsma en it hiet foar 1954 Huize Hesse. De namme ferwiist nei de famylje Hesse (in hynstehanneler), dy't dêr yn de iere njoggentjinde iuw wenne (Hesse Börg). Foar 1954 wennen der twa dokters yn. Oant 2016 hat der in jongereinherberch yn sitten. It doarpshûs sit der ek yn.

Yn Scheemda en Eexta hawwe der yn it ferline ek in fjouwertal mûnen stien.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herfoarme tsjerke fan Scheemda[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Herfoarme Tsjerke fan Scheemda is in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koer, dy't yn 1515 boud wêze moatten hie. It ferwulft is letter ferdwûn. De tsjerke waard wijd oan de hillige Bartoloméus. De frijsteande toer hat in tinkstien mei it jier 1570. Beide gebouwen waarden boud út âldere kleasterstiennen dy't nei alle gedachten fan it midsiuwske tsjerkegebou komme dy't ferpleatst waard omreden de úttynjende Doalert. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw ûntstie der spanning yn de Herfoarme tsjerke itjinge late ta it opspjalten fan de tsjerkemienskip. De tsjerklike mienskip fan Eexta waard fan 1897 troch otterdokse predikanten betsjinne, wylst de tsjerklike mienskip fan Scheemda in frijsinnich karakter krige. De Skoalle mei de Bibel yn Eexta waard yn 1906 stifte.

Tsjerke en pastorije fan Eexta[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken de trettjinde iuw en 1870 wie de Tsjerke fan Eexta ien fan de mar in bytsje krústsjerken yn Grinslân. De tsjerke stie midden op de doe noch besteand ebegraafplak fan Eexta. Yn 1869 rekke de tsjerke swier skeind troch in desimberstoarm en doe waard troch de tsjerkfâden besletten en brek de tsjerke ôf. Yn 1871 waard de nije Eextertsjerke oan de Kerklaan ynwijd. Hjoed-de-dei bestiet fan dy tsjerke allinnich noch de foargevel en de toer. Nei't de PKN oprjochte waard gie de mienskip tegearre mei de Grifformearde Tsjerke fan Scheemda. Al eardere hie de herfoar,e mienskip fan Nieuw-Scheemda him by Eexta oansletten. Tichteby de Eextertsjerke waard yn 2010 it tsjerkegebou De Ontmoeting iepene.

De eardere pastorije of weem fan Eexta komt fan de trettjinde iuw. De stins mei grêft is de âldste orizjinele hûs yn Nederlân dy't noch oerein stiet.

Oare tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere Grifformearde Tsjerke oan de Molenstraat komt fan 1869. Njonken de tsjerke is in ôfsûnderlik konsistoarjekeamer. De ôfskate gemeente komt fan 1840 en gie letter op yn de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Yn 1958 waard in gebou oan de Poststraat, ûntwurpen troch arsjitekten E. en L.H. Reitsma yn gebrûk nommen. Nei it oprjochtsjen fan de PKN waard dat gebou oerstallich en waard yn 2010 sloopt.

Oan de Stationsstraat yn Eexta is in tsjerkegebou fan de Katolyk Apostoalyske Tsjerke, dy't om 1925 hinne yn ekspressionistyske styl boud waard.

Ekonomy en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winkels oan de Stationsstraat

Yn 1992 waard de A7 by Scheemda del oanlein. Yn de 1990-er jierren waard de wyk Vijverborgen boud en kaam súdlik fan it Wynskoaterdjip bedriuweterrein Eextahaven I en II ta ûntjouwing as oanfolling fan de âldere Eextahaven. De bebouwing op it bedriuweterrein slút oan by it buordoarp Hilligerlee. De nijste ûntjouwings binne it bouwen fan de wyk Randstede en it iepenjen fan it nije sikehûs fan de Ommelanner Sikehûs Groep, as ferfanger fan de sikehûzen yn Delfsyl en Wynskoat, yn Scheemderzwaag oan de râne fan Scheemda tichteby de A7 en de N362.

Scheemda leit oan it spoar fan Grins nei Weener/Lier en it Stasjon Scheemda betsjinnet it doarp.

Eardere gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lokaasje fan de eardere gemeente Scheemda

Yn 1808 waard de gemeente Scheemda oprjochte, dy't út de doarpen Scheemda, Eexta en Nieuw-Scheemda bestie. Yn 1821 waard Westerlee, dat doe in selsstannige gemeente wie, deer oan tafoege. By de gemeentlike weryndieling fan 1990 waarden de gemeenten Midwolda en Nieuwolda by Scheemda foege. Dy nije fúzjegemeente hie in oerflak fan 117,17 km² (wêr't der 2,41 km² wetter fan wie) en telde op 1 jannewaris 2007 14.107 ynwenners. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waard de gemeente Scheemda gearfoege mei Reiderlân en Wynskoat ta de gemeente Aldamt.

De gemeente Scheemda hie nei de weryndieling fan 1990 acht offisjele kearnen (doarpen) dêr't Scheemda it haadplak fan wie. De oare sân doarpen wiene: Midwolda, Hilligerlee, Westerlee, Nieuwolda, Oostwold, Nieuw-Scheemda en 't Waar.

De gemeente hie ek de folgjende buorskippen:

  • Bikkershorn
  • Bovenstreek
  • Ekamp (foar in part)
  • Meerland
  • Napels
  • Niesoord
  • Nieuwolda-Oost
  • Oostwolderhamrik
  • Oostwolderpolder
  • Scheemderzwaag
  • Tranendal

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Scheemda fan Wikimedia Commons.
 
Gemeente Aldamt
Flagge fan de Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip