Oostwold (Aldamt)

Ut Wikipedy
Oostwold
Herfoarme tsjerke fan Oostwold
Herfoarme tsjerke fan Oostwold
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 1.420 (2023) [1]
Oerflak 5,04 km²
wêrfan lân: 3,04 km²
wêrfan wetter: 2,01 km²
Befolkingsticht. 282 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12' N 7° 2' E
Kaart
Oostwold (Grinslân)
Oostwold
Kaart
Herfoarme tsjerke fan Oostwold
Lokaasje Oostwold yn eardere gemeente Scheemda
Net te betiizjen mei Oostwold (Westerkertier).

Oostwold (Eastwâld) is in doarp yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It doarp hie yn 2019 1405 ynwenners. Oostwold is in beskerme doarpsgesicht.

Oostwold leit yn it Aldamt en lei oarspronklik oan de ouwer fan de Doalert. Bûten it doarp, oan de dyk nei Midwolda en yn de Oostwolderpolder steane steatlike pleatsen en yn it doarp wennen de lânwurklju. De tsjinstellings tusken de boeren en wurklju wien yn de omkriten tige grut. Yn Finsterwolde, dat flakby leit, late dy tsjinstelling ta in sterke posysje fan de Kommunistyske Partij. Yn Oostwold en Midwolda wiene en bleaune de lânwurklju lykwols strang protestantsk.

By Oostwold leit it Fleanfjild Oostwold.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Oostwold).

Yn 1775 waard de hjoeddeiske herfoarme tsjerke boud, dy't in âlder gebou fan de sechtjinde iuw ferfong, dy't oan de apostel Simon wijd wie. In âldere tsjerke stie op it plak fan de pleats Kloosterheem, beëasten it hjoeddeiske doarp. Yn 1951 waarden dêr trije grêfkelders fan kleasterstiennen bleatlein. De âldste tsjerke stie fierder benoarden yn in gebiet dat hjoed-de-dei bedobbe is mei klaai fan de Dollard. Dy tsjerke waard yn 1530 sloopt en de stiennen waarden brûkt foar it bouwen fan in nij blokhûs by Delfsyl. It besit fan de tsjerke waard ûnderbrocht by it Grizefrouljuskleaster, wylst de parochianen harren by Midwolda foegen. Om 1550 hinne hie Oostwold wer in tsjerke. Nijsgjirrich is it orizjinele Freytag-oargel yn de hjoeddeiske tsjerke út 1809-1811.

De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Oostwold).

De grifformearde tsjerke is in opfallend gebou en waard yn 1930 boud neffens in ûntwerp fan de arsjitekten C.H. van Wijk en D. Broos. It gebou fertsjintwurdiget de Amsterdamske Skoallen en hat in tige kleurryk ynterieur.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
wizigje