Goldhoorn

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Goldhoorn is in útbuorren yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân en leit healwei Finsterwolde en Oostwold. Goldhoorn leit oan de noardkant fan it Blauwestêd-projekt.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Goldhoorn is wierskynlik ôflaat fan gold (goud) en horn (hoeke/herne), dat "tige goede grûn" betsjutte kin. Goldhoorn is ek de namme fan in pleats by Loppersum, beëasten Westeremden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tichteby de hjoeddeiske útbuorren stie yn de Midsiuwen in kommanderije (kleaster) fan de Johanniteroarder. De kommanderije waard foar it earst yn skriftlike boarnen yn 1319 neamd, mar is nei alle gedachten earder stifte. It oarderhûs Fynserwald foel ûnder de kommanderije fan Steinfurt. Yn 1424 waard it grûnbesit útwreide mei in grut lângoed yn Heiselhusen troch in skinking fan de haadling Brunger fan Locquard. It is net dúdlik wêrom't dat skinken dien waard yn it fier fuort lizzende Goldhoorn. Yn 1446 wiene de tsjinstellings tusken Goldhoorn en Heiselhusen sa grut wurden, dat besletten waard en meitsje fan Heiselhusen in selsstannige kleaster. Tusken 1454 en 1494 waard de selsstannigens fan de kommanderije yn Goldhoorn opheft en waard it in foarwurk fan Easterwierrum

Goldhoorn foel krekt binnen de needdyk fan 1454, dy't fan de Punt fan Reide nei Finsterwolde rûn. It hie ek lêst fan de oerstreamings fan de Doalert, mar nei alle gedachten nei 1509. Yn 1540 waard neamd dat de gangria in Galkohren troch de oerstreamings noch mar in bytsje opbrocht. Om 1560 hinne waard de kommanderije ferkocht. Yn 1574 waard it lânguod ferkocht oan de aadlike famylje Sickinge fan Warffum, dy't in tichelwurk úteinsette. Hja sleaten yn dat jier ek in oerienkomst mei it karspel Oostwold om tegearre de mûning fan de Alde Ae ôf te damjen mei in dyk fan goed ien meter heech. It wetter fan de Doalert moast oer de Alde Ae binnenkommen wêze. It tichelwurk stie nei alle gedachten uterdyks en hat oant om 1700 hinne bestien.

It gebiet benoarden Goldhoorn waard stik by stik fannijs ynpoldere; de Oostwolderpolder yn 1769 en de Finsterwolderpolder yn 1819.

It lânguod fan de kommanderije wie nei alle gedachten yn de lânpunt tusken de karspels Oostwold en Finsterwolde, dêr't twa grutte pleatsen steane. It bedriuw Goldhoorn 33 yn Oostwold waard fanâlds de plaatze Golthoorn neamd. De oerbliuwsels fan de kommanderij binne faaks yn in stik lân benefter de hjoeddeiske pleats Goldhoorn 14 yn Oostwold. De provinsjekaart fan Beckeringh út 1781 tekenet dêr in tagongsleane mei wat bebouwing.

Benefter de pleats wiene guon klaaiputten, dêr't fanâlds potklaai groeven waard. Al yn de sechtjinde iuw waard dy grûnstof ferkocht oan pottebakkers yn Emden.

De namme 'Goldhoorn' waard letter brûkt foar in oare boerebedriuw, Goldhoorn 33 yn Finsterwolde. It foarhûs fan dy moaie pleats komt út 1857.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boerderijen en hun bewoners, afd. Beerta, nr. 121. Famylje-argyf Knottnerus, Scheemda (2017): Akte van openbare verkoop, verleden voor Burgemeesters en Raad van Groningen, 24 novimber 1751 (Siben Nannes, fererve op Jan Grebbers, keaper Harke Alberts); idem, klambrieven fan 23 maart 1752 (op namme fan Harke Alberts en Elske Coers) en 19 maaie 1786 (op namme fan Albert Harkes). Groninger Courant, 12 april 1793. Groninger Courant, 5 febrewaris 1828.
  • J.F. Feikens en J.P. Koers, Bewoning in het Oldambtster veen (1), yn: Duvekoater 57 (april 2016), p. 27-31.
  • De boerderijnaam 'Golthoorn' te Finsterwolde wordt genoemd in 1924. Nieuwsblad van het Noorden, 30 augustus 1924.
  • G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard (Grins 1855).
  • F.J. Klee, Geschichtliches und Kirchengeschichtliches aus Ostfriesland (2 parten.; Lier 1989, 1992)
 
Gemeente Aldamt
Flagge fan de Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip