Westeremden

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Andreastsjerke
It âlde rjochthûs. Boppe de twadde (lytsere) poarte fan links stiet it ôfbyld fan in opstigende ruter.
De troch Helmantel werboude weem

Westeremden is in terpdoarp yn it noardeasten fan de provinsje Grinslân. It leit yn de gemeente Loppersum. Yn 2008 wennen der 340 minsken.[1]

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Westeremden is om it begjin fan de jiertelling hinne ûntstien as in havenplak oan de doetiidske mûning fan de Fivel. Dat is yn de namme fan it doarp werom te finen: e-muda betsjut "mûning fan de rivier". It foarheaksel Wester- is letter tafoege om it plak ûnderskiede te kinnen fan de East-Fryske stêd Emden. It doarp leit op in kwelderwâl dy't fan Uskwert oer Middelstum en Zeerijp nei Spijk by Delfsyl rint. De âlde struktuer fan Westeremden, in beskerme doarpsgesicht, is noch altyd goed te sjen, al is in part fan de terp yn de tweintichste iuw ôfgroeven. By dy ôfgravings binne yn 1917 en 1928 stikjes hout mei runeninskripsjes fûn.[2] Boppe-op de terp stiet it âldste gebou fan it doarp, de Romaansk-Goatyske Andreastsjerke, dy't út de trettjinde iuw datearret.

Oan de ein fan de Hege Midsiuwen stie yn it doarp de earste skoalle fan Noard-Nederlân. Dizze waard stifte troch de Grinslânske abt Emo fan Witewierum (±1170-1237), dy't yn dy tiid yn Westeremden wenne. Emo wie ek de stifter fan it Kleaster Blomhôf by Witewierum, dat súdlik fan Westeremden leit.

Westeremden leit yn in gebiet dêr't sûnt 1986 lichte ierdskokken te fernimmen binne, dy't ûntstean om't yn dit part fan Grinslân ierdgas wûn wurdt. De boaiem yn dizze kriten fersakket dêrtroch ek.

Yn it doarp wennet en wurket de Grinslanske keunstskilder Henk Helmantel (1945).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) CBS Statline 2008
  2. (ned) J.H. Looijenga, J.H. (1997) Runes around the North Sea and on the Continent AD 150-700 (haadstik 9), Grins: Ryksuniversiteit, ISBN 90-6781-014-2