Springe nei ynhâld

Blauwestêd (projekt)

Ut Wikipedy
It Blauwestêd-projekt (2011-2012)
It ynfosintrum , dat wol de Reade Rûp, neamd waard. It waard yn 2013 sloopt

Blauwestêd (Nederlânsk: Blauwestad) is in projekt foar it ûntwikkeljen fan in gebiet yn it easten fan 'e provinsje Grinslân. It gebiet leit yn de gemeente Aldamt en yn de regio it Aldamt. It projekt leit tusken de plakken Wynskoat, Beerta, Midwolda, Oostwold, Finsterwolde en Scheemda. Ta it projekt heart it nije doarp Blauwestêd mei likernôch 700 ynwenners.

It projekt bestiet út de folgjende parten:

  • In nije mar fan goed 800 bunder: de Aldamtmar
  • 350 bunder nij natuergebiet (om it projekt Blauwestêd hinne lizze de natuergebieten de Tjamme, it Midwolderbosk (mei de Midwolderplasse) en de Ennemaboarch)
  • Rekreaasje
  • It bergjen fan wetter by in te hege wetterstân (der kin fjouwer miljoen ekstra wetter yn de mar opslein wurde)
  • It oanlizzen fan it doarp Blauwestêd mei fiif ferskillende wengebieten mei elts in eigen útstrieling: De Wei (De Greide), Het Park (It Park), Het Riet (It Reid), Het Dorp (It Doarp) en Het Wold (It Wâld), dêr't ynearsten likernôch 1480 nije wenten boud wurde soene. Doe't bliken die dat der folle minder belangstelling wie as ferwachte wie, is it tal te bouwen hûzen yn 2013 werombrocht ta sa'n 1250 en is de datum fan oplevering ferskood fan 2016 nei 2051.

It gebiet wie oarspronklik in lânbougebiet en stie ek wol bekend as de "Nôtrepublyk". De lêste jierren waard de wurkleazens grutter troch de meganisaasje yn de lânbou. Hieltyd mear minsken teagen út it gebiet wei en sadwaande waard it in krimpregio. Om it gebiet fan it Aldamt en it Reiderlân yn libben te hâlden, waarden der yn de tachtiger en njoggentiger jierren ferskate plannen makke. Sa moast der in stik lân ûnder wetter setten wurde en meitsje in nije mar. Om de mar hinne soene huzen, mooglikheden foar rekreaasje, bosken en natuer komme moatte. Ynearsten moast it plan him oant yn Dútslân útstrekke. Der bliek net tefolle belangstelling foar te wêzen en yn Dútslân alhielendal net. It plan waard beheind yn it gebiet tusken de plakken Wynskoat, Beerta, Midwolda, Oostwold, Finsterwolde en Scheemda. Dy plakken moasten, sis mar, as in oaniensletten blauwe stêd om in mar hinne komme te lizzen. De mar moast ferbûn wurde mei it Wynskoaterdjip en moast foar it bergjen fan ekstra wetter ynset wurde. De mar moast likernôch like grut wurde as de Snitsermar.

De provinsje Grinslân, de doetiidske gemeenten Wynskoat, Scheemda en it Reiderlân (dy't yn 2010 gearfoege waarden ta de nije gemeente Aldamt) setten yn 'e mande mei útfierders Koop Tjuchem, Ballast Nedam en BAM útein mei de útfiering fan it projekt. Yn 2005 iepene keninginne Beatrix de kraan en koe it wetter de Aldamtmar yn rinne.

It plan betearde lykwols faai. De belangstelling wie net te grut, de ferkeap fan grûn fan huzen gie hiel stadich. Ek kaam it projekt negatyf yn 'e media. Doe't de huzemerk yn 2009 tebekrûn, wiene de rapen gear. It plan like op in mislearring út te rinnen en de útfieringspartners ferlearen it betrouwen en stapten derút. Sa bleaune de provinsje Grinslân en de gemeente Aldamt mei de brot sitten.

De gemeente Aldamt besocht dêrnei in nije fyzje op te meitsjen en pas de plannen oan. Sa waard ûnder oaren besletten ta it ûntjaan fan in golfbaan, in sikehûs en in driuwend restaurant. Ek de huzeprizen waarden ferlege. Fierders waard it tal te bouwen huzen ferlege fan de 1.480 dy't der yn 2010 pland wiene, ta 1.247 yn 2016. It jier fan oplevering fan it hiele projekt waard boppedat útsteld fan 2016 oant 2051. De ferkeap fan grûn rûn yn 't earstoan noch hieltyd tige stadich, mar nei 2016 like der mear beweging yn te sitten.

Hjoeddeiske tastân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt it bystellen fan it projekt yn 2015 rint it wer better mei de Blauwestêd. Njonken kavels foar riante frijsteande wenten waard der ek ynsetten op projektmjittige frijsteande wenten. Dy wenten waarden oanbean yn de dielplannen De Wei en Havenkwartier. Fierder is der úteinset mei de bou fan âldhollânske wenten by de havenkom yn it Havenkwartier. Dy nije oanpak hie súkses, yn 2018 wiene der 31 wenten ree yn Blauwestad en oant 1 oktober 2019 waarden der al 70 boufergunnings útjûn troch de gemeente Aldamt. Op 1 juli 2019 hie Blauwestêd likernôch 700 inwoners.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.