Springe nei ynhâld

Ennemaboarch

Ut Wikipedy
Ennemaboarch

De Ennemaboarch is in boarch yn Midwolda. De Ennemaboarch wie yn it earstoan in stienhûs, boud yn de 14e iuw troch Sebo Ennens of Ennema. Troch houlikken wienen de bewenners ferbûn mei de Ommelanner aadlike famyljes Alberda en Siccema.

Yn de 19e iuw waard de Ennemaboarch in feanûntginningsbedriuw, dat eins in feanboarch. De boarch is mei de bosk sûnt 1965 eigendom fan stichting Het Groninger Landschap. Achter de boarch leit in fiver, eartiids mooglik ûnderdiel fan de âlde grêft. Yn de bosk is ek in âlde reagerkoloanje.

De boarch waard sûnt 1992 bewenne troch keunstnaresse Maya Wildevuur (1944-2023) dy't dêr ek in atelier en galery hie. Nei har ferstjerren waard it gebou opnij ferhierd as wenning. It koetshûs hat yn 1969 in hiel skoft in restaurant sitten, mar biedt no plak oan in besikerssintrum fan Het Groninger Landschap.