Springe nei ynhâld

Maya Wildevuur

Ut Wikipedy
Maya Wildevuur in 2013
Galery Wildevuur yn de Ennemaboarch

Maya Wildevuur, echte namme Martje Lammigje, (Dimter, 24 july 1944 - Midwolda, 11 april 2023) wie in Nederlânske keunstskilder.

Maya Wildevuur waard yn de jierren 1980-1985 fral bekend (ek yn it bûtenlân) om har 'sidekollaazjes' dy't troch Ingelske lânskippen ynspirearre wiene. De sidetechnyk dy't hja yn har earste wurk brûkte, strielde sawol ienfâld as kompleksiteit út. Letter paste se ek oare techniken ta, mar har styl is hieltyd goed werkenber bleaun.

Maya Wildevuur skildere meast blommen, lânskippen en somtiids bisten, mar waard ek bekend om har karakteristike portretten fan ferneamde persoanen dy't in typyske eigen styl hawwe. Sy makke ûnder oaren in skilderij fan Willem-Alexander fan de Nederlannen en Prinses Máxima, mar bygelyks ek fan Paul van Vliet en fan oare bekende Nederlanners.

Stadichoan begûnnen de sidekollaazjes plak te meitsjen foar de doeken dêr't sy no al jierren namme mei makket yn binnen- en bûtenlân.

Yn 1984 iepene sy de galery Maya Wildevuur yn Hooghalen. Sûnt 1992 wenne se yn de Ennemaboarch yn Midwolda, provinsje Grinslân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]