Hongerige Wolf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hongerige Wolf vanaf brug.jpg
Festival Hongerige Wolf yn 2015

Hongerige Wolf is in útbuorren yn de gemeente Aldamt yn Grinslân, noardeastlik fan Finsterwolde, justjes boppe Ganzedijk. De namme komt foar it earst foar yn 1877 yn in kranteberjocht en komt faaks fan in herberch.

De útbuorren wie en is noch populêr by keunstners.

Hongerige Wolf wie sûnt 2000 geregeldwei yn it nijs om reden fan in slim misdriuw. Yn febrewaris 2000 waard dêr it lyk fan Hannelore Klinkhamer-Godfrion oan de G. Gernaatweg fûn. Skriuwer Richard Klinkhamer, har man, hie har fermoarde en bedobbe. Frou Klinkhamer miste doe al jierren. Oer alle beskuldigingen skreau Klinkhamer it boek Woensdag gehaktdag, dat yn 2007 publisearre waard. Hongerige Wolf waard ek bekend troch it tillefyzjeprogramma Man bijt hond, dat yn 2003 en 2004 fan Hongerige Wolf nei Schapenbout (yn Siuwsk-Flaanderen) reizge om minsken te besykjen. Yn 2011 waard foar it earst in kultureel festival fan trije dagen mei de namme Hongerige Wolf organisearre.[1]

Hongerige Wolf is teffens de namme fan in gemaal, dat 1974 boud waard as ferfanging fan in ôfwetteringsslûs.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gehucht verandert in festivalterrein, Nieuwsuur, 29 july 2011