Scheemderzwaag

Ut Wikipedy
Scheemderzwaag
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Grinslân
gemeente Aldamt
Sifers
Ynwennertal 125 (2010)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' NB, 6° 57' EL
Kaart
Scheemderzwaag (Grinslân)
Scheemderzwaag
Kaart
Lokaasje fan Scheemderzwaag yn de eardere gemeente Scheemda

Scheemderzwaag, earder ek wol Lutke Zwaag (Lytse Sweach) neamd, is in buorskip oan de dyk tusken Scheemda en Noardbroek yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It plak leit ynklamme tusken de A7 en it Wynskoaterdjip en hat likernôch 125 ynwenners. De buorskip falt ûnder it doarp Scheemda en oant 2010 wie it part fand egemeente Scheemda.

By Scheemderzwaag komme it Meedenerdiep en it Opdiep meiïnoar en geane dan oer yn it Termuntersyldjip.

By Woldendorp lei ek in doarp Zwaag dat yn de Doalert ferdronken is; dêr docht de buorskip Zwaagweg oan weromtinken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Zwaag ferwiist nei alle gedachten nei "greide/stikken greide dêr't fee holden wurdt", Aldfrysk *swãch, Aldsaksysk: swēga "kudde, stik greide", Midheechdútsk swei(e), sweig(e) "nust fee, feehâlderij, stik greide", Aldheechdútsk sweiga, "kostâl, melkerij en it dêrta hearrende stik greide". Dêroan is mooglik de betsjutting "leech stik greide ûntliend. It wurd heart benammen by de Fryske goaen fan Noard-Hollân oant Aldenburch yn Leechsaksen.

Yn twa wetterskipsferdraggen út 1391 en 1420 wurdt warskôge dat de Eedyck [...] alle um den swage heel dient te houden. Tichteby Scheemderzwaag lei it midsiuwske doarp Scheemda, dêr't it tsjerkhôf fan yn 1988 en 1989 opgroeven waard by it oanlizzen fan de A7. Op it plak waarden by opgravings oerbliuwsels fûn fan twa tsjerken en in toer. De earste tsjerke komt nei alle gedachten fan it begjin fan de trettjinde iuw en wie gied fyftich jier yn gebrûk west. Nei it úttynjen fan de Doalert waard it doarp Scheemda nei de Kosmas- en Damianusfloed fan 1509 likernôch in oardel kilometer súdliker ferpleatst, op deselde oplûkende heerd.

Nije polder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De buorskip Scheemderzwaag ûntstie út it Lutke Swaech eylandt dat dêr noch yn 1585 op de kwelders yn de Doalert lei. In part fan it eilân wie eigendom fan de tsjerke fan Eexta.

Nei't it omlizzende poldergea yn 1597 omdike waard, ûntstie der in langhalige buorskip mei wol sân pleatsen. It lânguod fan Scheemder Schwagh waard yn 1613 neamd. It paad by de pleatsen del folge in midsiuwsk lânoanmakkerijline. Scheemderzwaag sleat oan by de buorskip eexterzwaag, dy't ek út ien as mear pleatsen bestie. Dêrnjonken stiene guon pleatsen yn de lytse buorskip Utbeerte oan de Oude Dijksterweg.

By nijbou oan de pleats oan de Scheemderzwaag 13 waarden yn 1975 de fûneminten fan in kreaze pleats fûn dy't op de provinsjekaart fan Beckeringh (1781) as bûtenpleats De Muinckheerd op ôfbylde stiet. De namme fan de Oude Zwaagzijl by Midwolda dêr't de Oude Geut sûnt 1701 troch yn de Doalert streamde, is mooglik ûntliend oan in âldere syl yn Scheemderzwaag.

De measte pleatsen fan Scheemderzwaag waarden om 1800 ferpleatst nei de ouwers fan it Termuntersyldjip. De hjoeddeistige lytse buorskip oan it Syldjip ûntstie om de hearepleats De Muinckheerd en de stienbakkerij oan it Syldjip út 1802, dêr't ynearsten bakstiennen en dakpannen makke waarden, en letter benammen drainaazjebuizen. By de stienbakkerij stie in herberch dy't bekend stie as Café Elzeneur. Dêrnjonken wiene der twa poldermûnen út 1799 allyk in lyts pleatske dat by de bûtenpleats Vredenhoven hearde. Oan it Opdiep kaam yn 1803 in oaljemûne dy't oant 1895 tsjinst die. Om 1840 hinne waarden de earste lânwurkershûzen by de Zwaagsterweg del boud.

Parten fan Scheemderzwaag waarden ôfgroeven foar it bakken fan bakstiennen. De steinbakkerij Hamster & Rozeboom waard yn 1971 sletten. Op de ôfgroeven grûn waard it nije sikehûs fan de Ommelanner Sikehûs Groep boud dy't yn 2018 iepene waard.

Yn 1878 waard dêr it wetterskip Scheemderzwaag oprjochte, dat in eigen poldermûne hie. Troch it bûtengebiet rint sûnt 1975 de nij groeven Scheemderzwaagsterwatering, It gebiet wurdt sûnt 1993 yn twaen spjalte troch de A7. De NAM-lokaasje Scheemderzwaag is foar it grutste part bûten bedriuw steld.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De buorskip Scheemderzwaag of Lutke Zwaag moat net betiisd wurde mei Scheemder Lange Zwaag of Grote Zwaag (1566: op de Zwachen, 1593: Groteswaech) in leech lizzend stikje lân by Wagenborgen dy't oant de iere njoggentjinde iuw ûnder it karspel Scheemda, mar tsjerklik ûnder Nieuw-Scheemda foel. Troch it gebiet hinne rint de Zwaagweg ('t Waar). It Grootmaar (hjoed-de-dei Ringmaar) stie dêr bekend as Swachmaar. De brêge oer it Grootmaar hjit de Zwaagtil, de brêge by de Hardeweg hjit Hornzwaagtil.

Lykas by it Fryske Langsweagen ferwiist de namme mooglik nei de langere fier fan it darp ôf lizzende stiiken greide, ta tsjinstelling fan Koartsweagen, dêr't guon stikken lân tichter by de Sweachwei oantsjut wurdt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige wikipedyside; foar boarnen sjoch nl:Scheemderzwaag

Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
wizigje