Nieuw-Scheemda

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Tsjerke fan Nieuw-Scheemda út 1661

Nieuw-Scheemda (Grinzersk: Scheemterhammerk) is in doarp yn de gemeente Oldambt yn de provinsje Grinslân. It leit benoarden Scheemda en Scheemderzwaag, yn it noarden fan de gemeente en yn it hert fan it klaai-Oldambt. It telt neffens gegevens fan it CBS 280 ynwenners (2008). Nieuw-Scheemda en 't Waar foarmje in dûbeldoarp.

It hjoeddeiske Nieuw-Scheemda is ûntstien as dykdoarp nei de ynpoldering fan in diel fan de Dollard oan de ein fan de sechtjinde iuw. Oarspronklik waard de nije delsetting oantsjutten as Scheemderhamrik, ofwol de 'mienskiplike boeregrûnen yn it bûtengebiet fan Scheemda'.

De herfoarmde tsjerke fan Nieuw-Scheemda út 1661 hat in tsjerkeoargel út 1698. It jildt as it lytste Arp Schnitger-oargel fan de wrâld en is yn 1802 troch Heinrich Hermann Freytag ferboud.

Yn Nieuw-Scheemda stiet it Swieneparradies, in besikerssintrum mei in oersjoch fan alles dat mei bargen te krijen hat. It biedt de gelegenheid oan keunstners om ynspiraasje op te dwaan. It sintrum organisearret wol eksposysjes fan de resultaten.

Tichtby Nieuw-Scheemda steane trije mûnen; twa grutte poldermoles, De Dellen en de Westerse Molen, en in tsjasker.

Berne yn Nieuw-Scheemda[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: