Twillingdoarp
Appearance
(Trochferwiisd fan Dûbeldoarp)
In twillingdoarp of dûbeldoarp is de oantsjutting fan twa doarpen dy't hiel ticht byïnoar ûntstien binne en dy't geografysk, sosjaal en ekonomysk suver ien doarp foarmje. Gauris lizze se yn twa ferskillende gemeenten, provinsjes of bytiden sels lannen of se waarden troch de bestjoerlike grins trochsnien. Dy ôfskieding hie gauris in reden op histoarysk of bestjoerlik mêd, mar is dochs yn de praktyk tige ûnhandich. Dêrom wurde dan ek wol gemeentlike weryndielings dien of wurde de doarpen meiïnoar gearfoege.
Twillingdoarpen yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ychtenbrêge - Dolsterhuzen (gemeente De Fryske Marren)
- Gerkeskleaster - Strobos (gemeente Achtkarspelen)
- Jobbegea - Hoarnstersweach (gemeente It Hearrenfean)
- Haskerdiken - Nijbrêge (gemeente It Hearrenfean)
- De Hommerts - Jutryp (gemeente Súdwest-Fryslân)
- Nijhoarne - Aldhoarne (gemeente It Hearrenfean)
- Toppenhuzen - Twellingea (yn de folksmûle Top en Twel neamd, gemeente Súdwest-Fryslân)
- Peazens - Moddergat (gemeente Noardeast-Fryslân)
- Rotsterhaule - Sint-Jânsgea (gemeente De Fryske Marren)
- Seisbierrum - Pitersbierrum (gemeente Waadhoeke)
- Sigerswâld (gemeente Opsterlân) - De Wylp (gemeente Westerkertier, Grinslân)
Foarbylden fan twillingdoarpen en trijelingdoarpen dy't gearfoege waarden:
- Damwâld, dat yn 1971 ûntstie út Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld.
- Wynjewâld, dat yn 1974 ûntstie út Weinterp en Duerswâld.