Ulsda

Ut Wikipedy
Ulsda
Polityk
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Oar
Koördinaten 53° 10' NB, 7° 8' EL

Ulsda (Grinslânsk: Olsde) is in útbuorren yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. It leit tusken de spoarline Harns - Bad Nijeskâns en de A7, besuden Beerta. Lyk oan de oare kant fan de A7 leit Lyts-Ulsda, dat lykwols yn de gemeente Westerwâlde leit.

Ulsda leit op in balstienliemrêch yn it klaaigebiet fan it Aldamt. Troch dy hurde ûndergrûn bleau it plak drûch by de oerstreamings fan de Doalert, dy't it gebiet troffen. It lei op in skiereilân tusken de Pekel A en de Westerwâldske Aa. Troch de oerstreamings fan de Doalert waard it lykwols in eilân oant it omlizzende gebiet yn 1657 fannijs ynpoldere waard. Yn 1596 krige de Pekel A syn hjoeddeiske rin beëasten it eilân. De âlde rin waard tenei Heerensloot of Alde Rensel neamd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ulsda wie yn de Midsiuwen yn tsjerkedoarp en in feanterijdoarp. It waard neamd as Olswyda yn 1447 en as Ulswida yn 1462. It taheaksel wida of widu betsjut "wâld" en wiist derop dat it doarp âlder is as omlizzende feanterijdoarpen. Plaknammen dy't te ferlykjen binne, binne Onstwedde, Vlagtwedde en Bunde (Bunwyda, 1429). Ulsda hie yn dy tiid suver in stêdlik oansjen.

Nei alle gedachten kamen de earste bewenners fanút it suden. Ulsda hearde tegearre mei Wynskoat ta it Bisdom Osnabrück en wie it meast noardlike doarp fan dat bisdom. It wie ek it haadplak fan it Ulsder Fyfdediel (Olswyder Vyfftendele), dat in ûndergoa fan it Reiderlân wie. De rjochtstoel ferhuze lykwols yn de fyftjinde iuw nei Wynskoat. De pleatsen fan Ulsda grinzgen yn it easten oan de karspels Houwingaham en Wynedaham, dy't ta it Bisdom Múnster hearden.

De parochy waard nei alle gedachten wijd oan de hillige Lambertus, dy't benammen yn it Bisdom Osnabrück fereare waard. Yn in notysje fan 1504/1505 waard sprutsen fan in Sunt Lambert van den Ulsda. It santjinde iuwske karspelsegel fan Beerta, dat fan Ulsda oernaam waard, toant lykwols in ôfbyld fan Laurentius. Neffens it misboek soe de tsjerke fan Ulsda yn 1280 fanút Wymeer stifte wêze, mar wis is dat net, want Ulsda is nei alle gedachten âlder. De oerbliuwsels fan dowestien dy't yn de tsjerke fan Beerta ferwurke sitte, komme wierskynlik út Ulsda. Nei alle gedachten waard it omlizzende feangebiet yn Beerta, Den Ham en Blijham fanút Ulsda oanmakke. De lju dy't it fean oanmakken, kamen faaks ta tsjinstelling fan de eardere bewenners, út de Fryske buorgoaen, en dat ferklearret wêrom't Ulsda by Reiderlân hearde.

Om't de wetteroerlêst troch wetter fan de Doalert hieltyd grutter waard, waard de parochy yn 1462 gearfoege mei dy fan Beerta. De bylden fan Sint-Lambertus en oare hilligen waarden letter mei it misboek en de segelstimpel nei Beerta brocht. Yn 1504 waarden de oerbliuwende stiennen ferparte: Beerta krige de toer en de ôfbrutsen muorren fan de tsjerke, dêr't de hjoeddeiske tsjerke fan boud wurde koe, Bellingwolde krige de lytse toer.

Yn 1562 kocht de stêd Grins it grutste part fan it eilân, dat Ulsda wurden wie nei de oerstreamings, nei't de hear fan Westerwâlde, Jan fan Arenberch, der oanspraken op makke hie. Ulsda waard yn 1581 tydlik troch de wettergeuzen oermastere. Fjouwer jier lettere waard it eilân oan de drost fan Wedde ferhierd. Der wie yn dy tiid in warbere tichelwurk yn Ulsda oanwêzich.

Der hawwe ek twa stinzen stien yn Ulsda, dêr't ien dy fan Liwert of Wyawert Hayens wie, dy't yn 1391 as haadling fan Beerta neamd waard en yn 1420 as haadling fan Ulsda. Yn de iere njoggentjinde iuw waarden oerbliuwsels fan it fûnemint fan de twadde stins tusken Ulsda en De Bult fûn.

Nije tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ulsda waard yn de santjinde en achttjinde iuw in wichtich knooppunt foar de skipfeart mei fallaten yn Ulsda en De Bult. Dêr waard ek tol heft. Dat late gauris ta rebûlje mei skippers út Pekela.

By plannen foar it bedykjen fan de kwelders yn de Doalert yn 1636 waard Ulsda noch as in selsstannich doarp sjoen. Yn 1659 waard Ulsda in karspel mei in eigen belestingsregister, mar tsjerklik bleau it ûnder Beerta fallen. De fiif pleatsen en it "stedshúske" fan Ulsda steane op twa kaarten fan om 1650 hinne en fan 1726. Dat stedshúske wie nei alle gedachten in herberch. Yn 1807 hie Ulsda in eigen skoalle, nei alle gedachten in keamer yn ien fan de pleatsen. Dy skoalle bestie noch yn 1830, mar it wie dreech en fyn in skoalmaster dy't sa'n bytsje fertsjinje woe. Yn 1842 waard der in skoalle yn Lyts-Ulsda iepene.

Tusken 1856 en 1916 wie der yn Ulsda fannijs in tichelwurk dat panmakke.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Gemeente Aldamt
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
wizigje