Springe nei ynhâld

Bisdom Osnabrück

Ut Wikipedy
Bisdom Osnabrück
Basisgegevens
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Tsjerkeprovinsje Hamburch
Katedraal Sint-Petrusdom
Hiemside bistum-osnabrueck.de
Skiednis
Oprjochting 772
Hierargy
Biskop Dominicus Meier
Statistyk
Oerflak 12.480 km²
Befolking 2.186.946 (31.12.2018)
Wêrfan katolyk 552.990 (31.12.2018) (25,3 %)
Dekenaten 10 (2018)
Parochy's 218 (2018)
Lokaasje bisdom Osnabrück yn Dútslân.
Lokaasje bisdom Osnabrück yn Dútslân.

It bisdom Osnabrück (Dútsk: Bistum Osnabrück; Latyn: Dioecesis Osnabrugensis) is in roomsk-katolyk bisdom yn Dútslân. It hjoeddeiske bisdom bestiet út stikken fan 'e dielsteaten Nedersaksen en Bremen. Oarspronklik omfieme it yn 'e 8e iuw stifte bisdom ek it yn 'e provinsje Grinslân lizzende Westerwâlde.

It bisdom waard tusken 780 en 800 stifte en is mei wissens it âldste bisdom dat troch Karel de Grutte oprjochte waard (oer de krekte stiftingsdatum is gjin ienriediggens). It bisdom moast it noch heidenske stamhartochdom Saksen kerstenje en de earste biskop wie Sint-Wiho (785-804), mar de twadde biskop, Meginhard of Meingoz (804–833), wie de werklike stifter fan it bisdom. It wie oant 1824 it suffragane bisdom fan it aartsbisdom Keulen. Yn 'e rin fan 'e tiid groeide it besit fan it bisdom en de prinsbiskoppen oefenen yn it gebiet in grutte jurisdiskje út op net-geastlike saken.

Domtsjerke fan Osnabrück.

Doe't yn 1543 him de reformaasje oantsjinne, gie Osnabrück net hielendal op it protestantisme oer, mar it bleau likemin folslein roomsk. By brek oan in dúdlike lieding waard it prinsipe fan 'e yn in 1555 sletten godstsjinstfrede fan Augsburg (cuius regio, eius religio; wa't hearsket bepaald de religy) hjir net tapast. Dat betsjutte dat eltse parochy sels útmakke hokker eleminten fan it lutheranisme oernommen waarden. Dy unike sitewaasje einige mei de Frede fan Westfalen yn 1648, dy't der foar soarge dat de parochy's de religieuze status fan 1624 krigen. Sûnt wie it bisdom om bar tsjerklik protestantsk of roomsk. As in lutherske biskop regearde, foelen de katoliken tsjerklik ûnder it aartsbisdom Keulen. Dy regeling bleau oant 1802 fan krêft.

Yn 1803 waard it bisdom opheft en oerdroegen oan 'e Hannoverske tak fan Brunswyk-Lüneburg. It bisdom, it kapittel, de kleasters en de katolike ynstellings waarden lang om let sekularisearre. It grûngebiet fan it bisdom gie yn 1806 oer nei Prusen, yn 1807 nei it keninkryk Westfalen, yn 1810 nei it Frankryk fan Napoleon en yn 1814 op 'e nij nei Hannover.

Under paus Leo XII waard it bisdom fan Osnabrück mei de bul Impensa Romanorum Pontificum as in frijsteld bisdom oprjocht, dat fuort ûnder Rome foel. De bul waard troch it boargerlik gesach erkend en stelde dat de biskop fan Hildesheim ynearsten ek de biskop fan Osnabrück wêze soe, mar dat dy yn Osnabrück fertsjintwurdige wurde moast troch in fikaris-generaal en in wijbiskop. Dat duorre 30 jier.

Biskoplik paleis.

Nei't Carl Anton Joseph Lüpke (1775-1855) de twadde wijbiskop fan Osnabrück, ferstoar, ûntstiene wer nije ûnderhandelingen foar in ûnôfhinklik bisdom. Paus Pius IX beneamde mei tastemming fan kening George V fan Hannover op 3 augustus 1857 Paulus Melchers ta biskop fan Osnabrück. Yn 1866 gie it gebiet fan it bisdom mei Hannover oer op Prusen; Melchers waard aartsbiskop fan Keulen en yn 1866 opfolge troch Johannes Heinrich Beckmann (1866–1878), dy't troch de Kulturkampf nei in fakante sit fan fjouwer jier opfolge waard troch Bernhard Höting (1882–1898). De folgjende biskop wie oant 1911 Hubert Voss en waard op 12 april 1899 beneamd.

Nei it Prusyske konkordaat waarden yn 1930 ferskillende gebieten oan it bisdom tafoege: Hamburch, Bremen, Sleeswyk-Holstein, Mecklenburg-Schwerin, Mecklenburg-Strelitz en Schaumburg-Lippe (Schaumburg-Lippe waard yn 1965 wer ôfstien oan it bisdom Hildesheim). Tagelyk waard Osnabrück wer in suffragaan bisdom fan Keulen.

Yn 1995 waarden de noardlike dielen fan it bisdom Osnabrück (Hamburch, Schleeswyk-Holstein en Mecklenburg) it nije aartsbisdom Hamburch. Osnabrück waard in bisdom ûnder it aartbisdom Hamburch.

De katedraal fan it bisdom Osnabrück is de Sint-Petrusdom yn Osnabrück.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: en:Roman Catholic Diocese of Osnabrück (ferzje 17 novimber 2024)