Dom fan Osnabrück

Ut Wikipedy
De Sint-Petrusdom fan Osnabrück

De Dom fan Osnabrück (Dútsk: Dom St. Peter of Dom St. Petrus) is de katolike katedraal fan it bisdom Osnabrück.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterier

Fyftjin jier nei de oprjochting fan it bisdom troch Karel de Grutte ûntstie yn it jier 785 de earste tsjerke. Hûndert jier letter waard dizze tsjerke ferwoastge troch ynfallende Wytsings. It hjoeddeiske oansjen fan de katedraal ûntstie stadichoan nei in brân om 1100 hinne.

De âldste boudielen binne de romaanske fieringstoer, it noardlike muorrewurk en de westlike romaansk-goatyske gevel. It beneamen wurdich is it dat it koepelferwulft fan de trijeskepige tsjerke like heech is as de pylders dy't it drage.

It doopfont út 1220 en it triomfkrús út 1230 binne de âldste keunstwurken yn de tsjerke. Fan it yn 1664 ôfbrutsen doksaal bleaune tolve bylden fan de út Münster ôfkomstige byldhouwer Heinrich Brabender bewarre. It binne bylden fan Kristus, apostels en in lytser byld fan de opdrachtjouwer hertoch Erik II fan Saksen-Lauenburg, biskop fan Münster. De bylden binne te sjen yn it biskoplik museum (Diözesanmuseum). Yn de rin fan de iuwen feroare de domtsjerke fan binnen regelmjittich, benammen yn de barokke tiid. Alters, bylden en epitaven tsjûgje fan dizze feroarings, lykas ek ferbouwings oan de bûtenkant tidens de grutte restauraasje yn de jierren 1882-1910 ûnder Alexander Behnes.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard Osnabrück fan 1942 ôf iderkear wer troffen troch bombardeminten. Op Palmpeaske 25 maart 1945, sân wiken foar de kapitulaasje en krapoan twa wiken foar't de Britten de stêd besetten, waard de stêd nochris foar in lêste kear bombardearre. De gebouwen dy't noch yn de âlde binnenstêd stiene waarden no hast hielendal ferwoastge. Ek de domtsjerke rekke yn de oarloch slim skansearre. Neitiid waard de tsjerke wer opboud en it Osnabrücker Rad (Rêd fan Osnabrück) dat op 13 septimber 1944 troch kriichsskea fan de grutste toer delstoart wie, krige no in plak njonken de dom. De barokke ôfsluting fan de grutte toer en de renêssânse ôfsluting fan de lytsere toer waarden net hersteld en ferfongen troch ienfâldige piramidedaken. Ek it ynterieur ûndergyng in feroaring. Sa waard de neoromaanske beskildering fan de tsjerke ferwidere.

Oan de tsjerke slút yn it suden de kleastergong oan. Yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne de nei de binnenhôf ta tichtmitsele kleastergong as skûlplak tidens loftoanfallen.

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De domtsjerke hat trije oargels. It haadoargel stiet yn it westlike diel fan de tsjerke op de kreake. Dit oargel hat 53 registers en waard yn 2003 troch de firma Kuhn út it Switserke Männedorf boud. In lyts koeroargel stiet yn it noardlike dwersskip. It koeroargel hat 12 registers en komt fan de oargelmakkerij Mutin-Cavaillé-Coll. It waard boud yn 1898. Yn de kleastergong stiet in tredde oargel fan de firma Kreienbrink. Dit lêste oargel is in oefeninstrumint foar de seminaristen fan it seminaarje.

Klokken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De seis klokken fan de dom waarden allegear yn 1954 troch de stielfabryk Bochumer Verein getten.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]


Keppelings om utens