Houwingaham

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Houwingaham is in ferdwûne Midsiuwske feanterijdoarp. De delsetting waard ferlitten nei de oerstreamings troch de Doalert yn de iere sechtjinde iuw. It waard foar it earst neamd yn 1325. De namme wie noch yn de santjinde iuw bekend. Yn 1628 waard der in nije skâns by de Dútske grins boud en it soe earst de namme fan Houwingaham hawwe, mar der waard lykwols foar de namme Lange-ikkerskâns (Langeakkerschans) keazen, en is tsjintwurdich bekend as Bad Nijeskâns. De Midsiuwske delsetting Houwingaham waard ferpleatst nei de súdlikere delsettings Hamdyk en Den Ham yn it karspel Bellingwolde. Oan de Nederlânske part fan it eardere karspel leit sûnt 1998 it Bosk fan Houwingaham.


Archeology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1933 waard by lânbouwurk foar it earst de fûneminten fan de tsjerke fûn. Yn 1992 en 1998 waard by archeologysk ûndersyk troch wjerstânmjittings de lokaasje fan de fûneminten fêststeld. De tsjerke waard omjûn troch in grêft en waard nei 1200 boud. It gie om in sealtsjerke dy't 35 meter lang en 13 meter breed wie.

By de opgravings waarden ek fûneminten fan twa stinzen fûn. Dy stinzen moasten al boud wêze yn de twadde helte fan de trettjinde iuw en earne yn de fjirtjinde iuw moasten se wer ôfbrutsen wêze. Ien fan dy stinzen wie miskien noch net iens dienmakke.

Der waarden fierders gjin oerbliuwsels fan wenten fûn. Wenten moasten fan hout boud wêze en waarden miskien al ôfbrutsen of spielden fuort yn de see.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It efterheaksel ham betsjut "hoeke", "lântonge", "finne", yn kombinaasje mei de famylje namme Houwinga.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De haadling Nonna Uwinga fan Hovingaham waard yn 1325 neamd. Hy wie ien fan de trije liedende rjochters yn de âlde Fryske goa it Reiderlân. Yn 1395 komt de namme Tyabbe Yeldrix, haadling yn Den Ham foar as bestjoerder fan Westerwâlde yn namme fan de minderjierrige bruorren Addinga. Om 1475 hinne wie Howengehom, noch ien fan in pear doarpen oer fan it ferdronken Reiderlân, noch hiel.

Yn 1527 wie de tsjerke noch hiel en hie it nei alle gedachten noch in pastoar. It foel tsjerklik al ûnder Beerta. De befolking ferfear earst nei de dochterdelsetting Upham of Nye Ham. Dêrwei ferfearen se nei Den Ham. De oerbliuwende gebieten kamen ûnder Bellingwolde.

Yn 1632 wie it doarp net mear te sjen. Yn 1636 makken inkelde eardere bewenners oanspraken op de kwelders dêre. Yn in kontrakt foar it bedykjen waard Bellingwolde mei Heuwingaham neamd. De plande dyk soe de bûtenrâne fan de kwelders folgje oover de Beerster en Ulsder ende Bellegewoldster uijterdijcken tot an Haije Fockens huis inde Ham ofte daer omtrent.

Houwingaham moat net betiisd wurde mei it ferdronken tsjerkedoarp Houwingahof of Houwingagast oan de oare kant fan de Westerwâldske Aa, mooglik by Beertsterhoogen. Houwingaham lei yn it ferlingde fan Wynedaham, ek oan de oare kant fan de Westerwâldske Aa op 'e hichte fan Nieuw-Beerta. Sokke lange delsettings oan beide kanten fan in rivier kin ek fûn wurde by Midwolda, Scheemda en Oostwold.

It doarpsgebiet fan Houwingaham lei oan beide kanten fan de hjoeddeiske Dútsk-Nederlânske grins.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • H.A. Groenendijk & W. Schwarz, Mittelalterliche Besiedlung der Moore im Einflußbereich des Dollarts: Ergebnisse und Perspektiven, in Archäologische Mitteilungen aus Nordwestdeutschland 14 (1991), 39-68.
  • A.J. Smith, Het eiland Ulsda, yn Groningse Volksalmanak 1901, 196-224 en 239.
  • A. Ufkes & J. Schoneveld. Een archeologisch onderzoek naar het verdwenen dorp Houwingeham bij Nieuweschans, prov. Groningen, Grins 1998 (ARC-Publicaties, 20).