Pitertsjerke (Súdbroek)
Pitertsjerke
Petruskerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | Súdbroek | |
adres | Tsjerkestrjitte | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 13e iuw | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 31626 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN Súdbroek |
De Pitertsjerke is in romanogoatysk tsjerkegebou yn it Grinslânske Súdbroek. De foarse krústsjerke datearret út de 13e iuw en hat in frijsteande klokketoer.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke wie ynearsten wijd oan de hillige Augustinus fan Hippo. Op it segel fan ien fan de lêste pastoars en op it 17e-iuwske tsjerkesegel wurdt dy hillige ôfbylde. Ek de foarnamme Augustinus wie om 1600 hinne by ferskate famyljes yn Súdbroek tige populêr. Neffens it 'Aardrijkskundig woordenboek der Nederlanden' fan A.J. van der Aa (1851) wie de tsjerke wijd oan de apostel Petrus (Piter). M.D. Ozinga naam dy ynformaasje yn 1933 oer, mar yn de argiven binne dêr gjin oanwizings foar fûn.
De tsjerke hat in frijsteande klokketoer mei sealtek, dy't yn 'e selde tiid as de tsjerke boud waard. Yn de toer hingje twa klokken; ien út 1603 mei in diameter fan 122 sm en ien út 1610. De toer hat foar in hiel skoft lang as finzenis tsjinst dien.
Yn 'e rin fan de tiid is de tsjerke ferskillende kearen restaurearre. Yn de 19e iuw krige de tsjerke neffens de doetiidske moade in pleisterlaach, dy't lykwols yn de 20e iuw wer ferwidere is.
Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke hat noch stiennen ferwulften yn it skip en it koer. It meubilêr is út 1709. De Grinzer stedsboumasterAllert Meijer sette syn stimpel op de ynrjochting, dat út 1709 datearret. De preekstoel is fan Casper Struiwig en makke yn 1736.
Fynst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1997 waarden by opgravings dielen fan in byldegroep fûn. Nei alle gedachten binne it dielen fan in begjin 16e-iuwske krusigingsgroep. Alhoewol't de dielen fan in Marije- en in Kristusbyld skeind binne, beöardielje saakkundigen it byldhouwurk as fan hege kwaliteit en frij seldsum foar Grinslân.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutte oargel yn klassisistyske styl is ien fan de lêste wichtige ynstruminten fan de 18e-iuwske Grinslânske oargelbou. It telt 28 registers en in rêchposityf en is yn 1793-1795 boud troch H.H. Freytag en F.C. Snitger. It wie ynearsten it doel dat A.A. Hinsz it oargel boude, mar dy ferstoar yn 1785.
Sûnt in jier of wat stiet der yn it koer fan de Pitertsjerke in Ingelsk kammenetoargel út Devon. Dat oargel is yn 1844 boud troch de firma Jones út Londen en is fan in partikulier. Bakker & Timmenga restaurearre it oargel yn 2005-2007 werom yn de oarspronklike steat.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|