Imca Marina

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Imca Marina by de Gay Pride 2008 yn Amsterdam

Imca Marina (artystenamme fan Hendrikje Imca Bijl) (Zuidbroek, 13 maaie 1941) is in Nederlânske sjongster en amtner fan de Boargerlike Stân. De artystenamme Imca Marina is gearstald út har twadde foarnamme (Imca) en de twadde foarnamme fan har mem (Marina).

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1959 krige sy har earste platekontrakt. Fral yn de jierren '60 en '70 hie sy grutte hits, sa as Viva España, Soerabaja en Harlekino. Yn letter jierren naam har súkses ôf, mar bleau hja wol warber yn it Nederlânske schnabbelsirkwy.

Yn 2009 binne is Marina en har Ingelske partner Stephen Porter (Steven) nei trettjin jier út elkoar gien [1]. Hja hie ek al earder troud west en hat in soan, Floris. As amtner fan de Boargerlike Stân slút sy houlikken op har pleats yn Midwolda. Yn 2008 waard sy beneamd as Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau [2].

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. [http://www.telegraaf.nl/prive/4335758/__Imca_Marina_weer_alleen__.html? Imca Marina weer alleen, 6 july 2009, De Telegraaf
  2. [1] Lintje voor Imca Marina en andere Groningers en Drenten; 25 april 2008; Dagblad van het Noorden