Springe nei ynhâld

Maar

Ut Wikipedy
It Uitwierdermaar

In maar is yn Grinslân en East-Fryslân de namme foar in wetterrin. Dy namme is besibbe oan de Fryske mear. Maren binne meast smelle, ûndjippe, natuerlike, soms ek net-natuerlike streamkes (fearten of sleaten) dy't al iuwenlang besteane. Sy komme it meast foar yn de Grinslanner goaen Hunsingo en Fivelingo en yn de Krummhörn.

In stikmannich foarbylden:

By wetterskip Noardersylfest binne mear as 100 wetters dy't de útgong "-maar" hawwe. Lytse wetters wurde meast oantsjut mei tocht. Yn it easten fan Grinslân wurdt faak praat fan diep(je) en watering.

Maren yn East-Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De maren yn East-Fryslân lizze hast allinne yn de Krummhörn, mar ek binne der in pear yn it Reiderlân en yn Moormerlân.[1] Foarbylden binne:

De gritenij Opsterlân wurdt op it 14e-iuwske lânskipssegel ek oantsjut as S(uper) Haudmare, dat is 'boppe it Haadmaar' of 'boppe de haadstream (lizzend)'. Mei Haudmare waard sa't it liket de Boarn bedoeld.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. Ohling, Die Acht und ihre sieben Siele: kulturelle, wasser- und landwirtschaftliche Entwicklung einer ostfriesischen Küstenlandschaft, Pewsum 1963.
  2. H. Halbertsma, 'Bornego. Bijdrage tot de oudste geschiedenis van het Neder-Boornegebied', yn: De Vrije Fries 45 (1962), s. 32-67, hjir 32-33.