Springe nei ynhâld

Südbrookmerland

Ut Wikipedy
Südbrookmerland
Gemeentehûs
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Auwerk
Sifers
Ynwennertal 18.264 (31.12.2021)
Oerflak 96,82 km²
Befolkingstichtens 189 / km²
Hichte 1 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.suedbrookmerland.de

Südbrookmerlân is in gemeente yn 'e lânkring Auwerk mei 18.264 ynwenners (2021).

Südbrookmerlân leit tusken de stêden Emden en Auwerk. It leechste punt leit 1 meter ûnder seenivo, by Moordorf leit it heechste punt 7 meter boppe seenivo. De gemeente foarmet in oergongsgebiet fan klaai-, fean- en sângrûn.

Dielen fan Súdbrookmerlân wienen eartiids mei terpdoarpen beboud, in doarp as Wiegboldsbur stamt út de Fryske terpetiid. De bou fan stiennen huzen waard troch it Brookmerbrief ferbean. Dêrtroch binne de tsjerken de âldste bouwurken yn dizze regio.

In grut diel fan it Brookmerlân bestie yn 'e midsiuwen út feangebieten. Yn 'e 18e iuw waard der in begjin makke mei de feanterij. De feangebieten wienen fanâlds al earmoedich, mar troch de Krystfloed fan 1717 krige in regio in hurd ekonomyske klap. De bewenners hienen gjin fee mear en de tsjerke fan Bedekaspel hie safolle skea dat in diel weropboud wurde moast. It tige earmoedige feandoarp Moordorf wie foar de Twadde Wrâldoarloch in grut bolwurk fan 'e kommunisten.

Yn 1944 hat by Engerhafe in konsintraasjekamp west, in bûtenpost fan konsintraasjekamp Neuengamme. Sa'n 2000-2200 twangarbeiders sliepten yn trije ûnferwaarme barakken fan 50 meter lang en 8-10 meter breed. De twangarbeiders moasten om 'e stêd Auwerk hinne in fortifikaasje bouwe dy't bestie út in grêft om tenks tsjin te hâlden.

De gemeente Súdbrookmerlân ûntstie op 1 july 1972 as gefolch fan in gemeentlike weryndieling. De nije gemeenten wie in gearfoeging fan tsien âlde gemeenten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Südbrookmerland – foto, fideo en harktriemmen