Springe nei ynhâld

It Breahûs

Ut Wikipedy
It Breahûs
bouwurk
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Balk
adres Van Swinderenstrjitte 6
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1728
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15914 [1]
offisjele webside
Side PKN Balk
FB-side fan de PKN Balk

It Breahûs oan de Van Swinderenstrjitte yn Balk is ien fan de twa tsjerken, dy't de PKN-gemeente Balk ryk is. De oare tsjerke is de moderne, eardere grifformearde tsjerke oan de Siemen de Jongstrjitte, dy't 'De Paadwizer' hjit.

De eardere herfoarme tsjerke is in ryksmonumint út 1728 fan master-timmerman Roelof Saegman. It sealgebou hat in fjouwersidige koarsluting; de foargevel foarmet strjittemuorre mei in topgevel; ûnder de oansetkrollen stiet anno 1728.

Oargel

De preekstoel is fersierd mei fykwurk en krekt lykas it doopstek 18e-iuwsk.

Yn de tsjerke steane twa 18e-iuwske famyljebanken. It brânskildere raam út 1729 is as oantinken skonken by de bou fan de tsjerke. Oare glês-yn-leadramen binne skonken troch de herfoarme frouljusferiening.

De toer hie twa klokken, mar yn de Twadde Wrâldkriich binne beide klokken foardere en nei de befrijing is mar ien werom kommen.

De tsjerke waard yn de jierren 1997-1998 restaurearre.

It oarspronklik ienklaviers oargel mei oanhongen pedaal waard yn 1843 boud troch G.W. Loman en H.B. Loman. Yn de rin fan de tiid brochten J.J. Harkema en de bruorren Reil en A. Zuiderhof feroarings oan. Tsjintwurdich hat it oargel 20 registers ferdield oer twa manualen en pedaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: