Springe nei ynhâld

Lohman (laach)

Ut Wikipedy

Lohman is in laach fan oargelbouwers fan Dútsk komôf út 18e en 19e iuw. De Lohmans wurde rekkene ta de meast wichtige 19e-iuwske oargelbouwers foar Nederlân benoarden de grutte rivieren.

  • De earste wie Dirk Lohman (1730-Grins, 30 juny 1814), dy't al yn 1762 as oargelbouwer neamd waard. Hy wie in learling fan Wallis. Yn 1791 festige er syn bedriuw yn Grins. Syn earste oargels wienen dy yn de tsjerken fan Súdlaren, Eelde en Stedum.
  • Nicolaus Anthony Lohman (-Grins, 21 desimber 1835) sette it bedriuw fan syn heit fan 1801 ôf fuort. Der waarden doe meast oargels yn de omkriten fan Grins boud.
  • Nicolaus syn trije soannen: Diederik Hendrik Lohman (1797-1856), Hinderk Berends Lohman (1799-1854) en Gerhard Willem Lohman (1802-1856) gienen fierder mei it bedriuw ûnder de namme: Fa. N.A. Lohman & Sn.. Diederik wie bekend as loai. Hy liet syn wurk yn Amsterdam sloere. Hinderk festige him om 1835 hinne yn Gouda en letter yn Leien, dêr't noch gjin oargelbouwers wiene. Gerhard bleau yn Grins en naam it bedriuw fan syn heit oer. Tegearre mei Hinderk waard it bedriuw W.A. Lohman en Soannen oprjochte, dat festigingen yn Grins, Sutfen, Gouda en Leien hie.
  • Nei't Hinderk en Gerhard har weromlutsen hiene bleau it bedriuw noch in pear generaasjes bestean. Dêrnei wie it dien en namen oare firma's it plak yn. Sa waard de Leienske festiging yn 1860 oernaam troch J. Schaaffeld.

Hoewol't de fa. Lohman fral in soad reparaasjes útfierden oan besteande oargels, bouden sy ek nije. Yn it earstoan hiene dy in barok lûd, lykas de Dútske tradysje hawwe woe. Stadichoan bouden sy ek oargels nei de moade fan de tiid, mei mear sêftere klanken, gaadlik foar wurk út de romantyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]