Springe nei ynhâld

Bearenburchkup

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bearenburchcup)
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Bearenburchkup
Knobbelige Sleattemer Mar (2009)
Winners 2009

De Bearenburchkup is in hurdsylwedstryd op de Sleattemer Mar tusken ynstrukteurs fan Balkster sylskoalle De Ulepanne. De earste wedstryd yn de poly-Falkklasse waard yn 1998 hâlden foar de grap. Letter waard it serieus oanpakt.

De Kup wurdt fersyld yn trije wykeinen. Yn 2006 dienen sa'n 60 ynstrukteurs mei. Op de earste beide wykeinen yn novimber en desimber wurdt op sneon treend en wurde sneins wedstriden syld. Yn it finalewykein yn jannewaris wurdt op beide dagen wedstriden syld. Jûns jouwe erfaren wedtrydsilers ynstrukteurs nuttige teorylessen en jûns is der tiid foar in bearenburchje.

De Bearenburchkup jildt as in seleksjewedstryd foar de Nederlânske Sylskoalle Kampioenskippen (NZK), dy't alle jierren yn oktober op de Langwarder Wielen fersyld wurdt. De earste fjouwer fan de Bearenburchkup dogge mei oan it NKZ.

Yn 2001 wûn de Ulepanne, as earste sylskoalle út Fryslân, de NKZ. Der diene doe 21 teams mei. Yn 2006 foar de twadde kear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: