Ysbrand Balck

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ysbrand Balck (Trabius) (Balk, ±1525Leien, ±1600) wie in 16e iuwsk predikant.

Balck syn libbensrin lit sjen hoe ûnbestindich at it libben fan in predikant yn de tiid fan de reformaasje en Tachtichjierrige Oarloch wêze koe.

Balck wie earst pryster yn Heech (1549). Doe is er flechte nei East-Fryslân; yn 1564 wie predikant yn Norden. Itselde jier hat er yn LJouwert stien. Doe waard er predikant yn Antwerpen (1565-67), Norwich (1569), Maidstone, Sandwich (1572), Londen, yn 1572 preke er gereldwei yn Rotterdam, doe wer yn Antwerpen (1580), Leien, Middelburch (1581), Antwerpen, Ljouwert (1587), Frjentsjer, Dantzig, Dimter (1592), Naarden (1594-95) en Starum (1598). Yn Ljouwert hie dizze reklike teolooch skeel mei Ruard Acronius, mar ek mei oare Ljouwerter predikanten. De Steaten bemuoiden har der mei en Willem Loadewyk beëinige it konflikt. Balck waard ûntslein.

Balck syn Cleyn mosterdzaet út 1590 is fan belang om de manear fan preekjen út dy tiid kennen te learen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: