Anne Meinesz

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Anne Meines)

Anne Meinesz (Balk, 28 april 1814 - Aldskoat, 13 desimber 1884 ) wie de earste boargemaster fan Skoatterlân (1851-1878). Hy folge grytman mr. Hans Willem de Blocq van Scheltinga op yn oktober 1851.

Foar syn beneaming ta boargemaster fan Skoatterlân wied er boargemaster fan Sleat. Stêdlike gemeenten hienen fan âlds in boargemaster; yn plattelânsgemeenten waard sa'n magistraat (foar it yn wurking treden fan de gemeentewet) in grytman neamd.

Yn syn boargemastertiid yn Skoatterlân binne in soad wegen ferhurde, wêrûnder de wei fan Aldskoat nei Hoarnstersweach en de Rottumerdyk (foarhinne Rotsterfuotpaad). Meines hearde ta dejingen dy't -mei fertuten- aksje fierd hawwe foar de oanlis fan it spoar Meppel-Ljouwert.

Yn 1853 makke hy mei Mr. A. Jongstra en Mr. C.L. fan Beijma thoe Kingma plannen foar it drûchlizzen fan de Tsjûkemar (dat foar in diel yn Skoatterlân lei). De kosten waarden rûsd op f. 460.000,--, wêrfoar't men ± 2000 ha frij goede grûn hoopte te krijen. Troch te min dielname is it plan net útfierd.

Meines ferstoar op Heremastate, yn 1958 waard op It Hearrenfean de Anne Meinesstrjitte, tusken de J.P. Engelmanstrjitte en de H. Hebbesstrjitte nei him neamd.