Springe nei ynhâld

Johannes van Hout

Ut Wikipedy

Johannes Klaas van Hout (Balk, 23 jannewaris 1905 - Snits, 12 juny 1972) wie in boargemaster.

Van Hout begûn syn amtlike karriêre yn 1921 by de gemeentesekretary fan de gemeente Gaasterlân, dêr't syn heit gemeentesekretaris wie. Dêrnei wurke hy yn Boalsert dêr't hy haadkommys en waarnimmend sekretaris wie.[1] Hy waard oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch frege foar de funksje fan waarnimmend boargemaster fan Hinnaarderadiel, op 1 maaie 1946 waard hy befestige as boargemaster.[2] Dêrnei wie hy sûnt 1957 boargemaster fan Wymbritseradiel.[3] Op 30 jannewaris 1970 gie er mei pinsjoen. Hy ferstoar twa jier letter yn it sikehûs yn Snits, neidat der twa wiken nei in operaasje komplikaasjes optreden.

Trije bruorren fan Van Hout waarden ek boargemaster: Thijs yn Starum (1956), Henk van Hout yn Gramsbergen en Bauke yn Marken (1952). Hy wie lid fan de CHU en ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Ex-burgemeester Van Hout diende drie Friese gemeenten" yn Ljouwerter Krante, 14 juny 1972
  2. "Installatie burgemeester Hennaarderadeel", yn Ljouwerter Krante, 3 maaie 1946
  3. "J.K. van Hout burgemeester van Wymbritseradeel" yn Ljouwerter Krante, 10 july 1957