Springe nei ynhâld

Thijs van Hout

Ut Wikipedy

Thijs van Hout (Balk, 16 july 1911Koudum, 30 novimber 1977) wie in Nederlânske politikus fan de CHU.

Hy wie in soan fan Klaas van Hout (1877-1959) en Antje Haga (1878-1962). Nei de ulo gie er yn 1928 as folontêr oan 't wurk op de gemeentesekretary van Gaasterlân dêr't syn heit gemeentesekretaris wie. Yn 1930 kaam er as 3e amtner yn tsjinst by de gemeente Sleat, mar oardeljier letter gie er wer oan 't wurk by de gemeente Gaasterlân. Utsein in heal jier dat er yn 1945 wurksum wie foar it Militêr Gesach yn Snits, bleau er oant 1956 amtner by de gemeente Gaasterlân dêr't er it brocht ta haadkommys.
Yn oktober 1956 waard Van Hout boargemaster fan Starum wat er oant sy pensjoen yn augustus 1976 bliuwe soe.
Hy stoar goed in jier letter yn de âldens fan 66 jier.

Trije bruorren fan Van Hout waarden ek boargemaster: Johannes yn Hinnaarderadiel (1945), Bauke yn Marken (1952) en Henk yn Gramsbergen (1958).