Middenfeart (Ychten)
Appearance
De Middenfeart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart rint yn de Polder fan Ychten en is de fuortsetting fan de Bânsleat dy't tusken Bantegea en De Langelille in heakske bocht nei it noarden makket. Fan dêrôf rint de feart troch nei Ychten om dêr yn de Tsjûkemar út te rinnen.
De namme Middenfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Middenvaart.