Boer (plak)

Ut Wikipedy
Boer
Marijetsjerke
Marijetsjerke
Emblemen
Boer vlag.svg               Boer wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 45 (1 jannewaris 2022)
Oerflak 2,11 km²
lân: 2,06
wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 22 ynw./km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
Oar
Koördinaten 53° 12' N 5° 33' E
Offisjele webside
FB-side Doanjum en Boer
Kaart
Boer (Fryslân)
Boer

Boer is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Boer leit noardeastlik fan Frjentsjer en Doanjum, westlik fan Rie en besuden Tsjummearum. Op 1 jannewaris 2022 hie Boer 45 ynwenners. De doarpskearn fan Boer leit oan de Doanjumerwei, Alde Wei en Miedwei, om de Marijetsjerke.

Sûnt 2018 leit Boer yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).

Tegearre mei Sweins, Peins, Ried en Skalsum foarmet Boer it Frjentsjerter Fiifgea.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boer ûntstie op in terp dy't by it kerspel fan Skalsum hearde. Ek mei de bou fan in tsjerke tsjin 'e ein fan de 12e iuw foel it plak noch ûnder Skalsum en it wie mear in buorskip as in echt doarp.

Pas doe't Boer ûnder it parochygebiet fan Doanjum foel waard it as selsstannich plak oantsjut. Yn 1402 waard Boer as Burstera Rede, yn 1419 as thoe dae buere, yn 1433 as Buur en yn 1505 as Buer neamd. De plaknamme soe der op tsjutte dat it plak as in hûsterp ûntstie.

Tegearre mei Peins, Ried, Skalsum en Sweins foarmet Boer it Frjentsjerter Fiifgea. Oars as de oanbuorjende terpdoarpen hat Boer yn de 18e oant 20e iuw hast gjin groei kend. De terp bestiet noch jimmeroan út in pear hûzen, in grutte pleats en de oarspronklik oan Marije wijde tsjerke. Bûten de terp lizze ferspraat noch in pear pleatsen.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it doarpsgebiet rint De Rie, dy't eastlik op de Berltsumer Feart en westlik op de Tsjummearumer Feart oanslút.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pastorij
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Boer).

It romaanske tsjerkje datearret út de 12e iuw en is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Sûnt 1988 wurdt it net mear troch de tsjerklike gemeente brûkt en tsjintwurdich docht it tsjinst as keunstnersatelier. It dekorative portaal stamt fan de net mear besteande Elgersmastate, in stins út 1664.

De pastorij fan Boer is it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boer hat mei it tichtby lizzende Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang Doanjum/Boer.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente De Waadhoeke
Flagge fan de gemeente De Waadhoeke
Stêd: Frjentsjer

Doarpen en útbuorrens: AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp

Buorskippen: AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part) • DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein