Marijetsjerke (Boer)
Marijetsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Boer | |
adres | Aldewei 1 | |
koördinaten | 53° 12' N 5° 33' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Marije | |
status | Net mear yn gebrûk as tsjerke | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Oarsp. romaansk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15850 | |
Webside | ||
Side PKN Ried-Skingen | ||
Kaart | ||
De Marijetsjerke is in oarspronklik romaansk tsjerkegebou yn Boer. It is ien fan de tsjerken fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Tsjerklik heart Boer by de Protestanske streekgemeente Ried-Skingen. De Marijetsjerke wurdt fral brûkt foar kulturele eveneminten. Ut en troch wurde der noch tsjerketsjinsten fierd. De âlde pastoarswente westlik fan de tsjerke wurdt ta de âldste wenhûzen fan Fryslân rekkene.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ienskippige gebou stamt út de tolfte iuw en waard oarspronklik oan de jongfaam Marije wijd. It skip waard yn de goatyske tiid ferhege en krige yn deselde tiid in nije kap en steunberen oan it koer, dat yn de kearn noch romaansk en healrûn is mar trijesidich eaget. Yn de 19e iuw waard de fan kleastermoppen boude tsjerke bepleistere. Nei alle gedachten stamt de toer ek út de goatyske tiid. It sealtek waard letter ferfongen troch in fjouwersidige spits. De súdlike omlisting fan de tagong út 1664 stamt oarspronklik fan de ôfbrutsen Elgersmastate, dy't eartiids tichteby de tsjerke stie.
De ûntfolking fan it plattelân makke dat de tsjerke yn de jierren 1970 bûten gebrûk rekke en letter oerdroegen waard oan de Stifing Alde Fryske Tsjerken. It tsjerkhôf bleau eigendom fan de protestanske gemeente Ried-Skingen.
Yn maaie 2007 waard nei in wachttiid fan mear as tritich jier útein set mei de restauraasje fan it ryksmonumint. By dy restauraasje waard ûntdutsen dat de bûtenmuorren fan de tsjerke eartiids in reade kleur hiene en besletten waard om dy op 'e nij oan te bringen.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tonferwulft fan de tsjerke stamt út de tiid doe't de reformaasje him oantsjinne. De preekstoel stie foar 1914 oan de noardlike muorre en ferhûze by in modernisearing yn dat jier nei it koer. Yn 1750 waard preekstoel skonken troch Ignatius thou Kingma, hear fan Sweins. It wapenskyld fan Kingma oan de kûp waard yn de Frânske tiid fernield. De banken waarden yn twa rigen opsteld mei it sicht nei de preekstoel. Tsjintwurdich binne de banken ferfongen troch stuollen.
It oarspronklike patrosinium fan de tsjerke wurdt betocht troch in âld byld fan Marije, dat yn 2004 troch in ynwenner skonken waard.[1]
Yn de toer hinget in klok mei in diameter fan 79 sintmeter fan Willem Wegewaert de Aldere (Dimter) út 1561.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat nea in piipoargel kind, mar besit sûnt 1908 in grut harmoanium fan Rodolphe & Debain út Parys. Fan de histoarje fan it bysûndere ynstrumint is net in soad bekend. It harmoanium waard oan it ein fan de 19e iuw oankocht troch in hanneler, dy't it ferkocht oan de mennistegemeente fan Balk. Om't de mennisten in nij oargel fan Bakker & Timmenga kochten, koe de herfoarme gemeente fan Boer it oargel fan Bakker & Timmenga keapje. Nei't de tsjerke yn 1975 foar de earetsjinst sletten waard, rekke ek it harmoanium yn it neigean. Op it stuit is it oargel út de tsjerke ferwidere en wachtet it op in restauraasje.[2]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|