Papeleantsje

Ut Wikipedy

It Papeleantsje wie in iuwenâld, likernôch 11/2 km lang paad fan grutte kultuerhistoaryske wearde by it Fryske doarp Kimswert, yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân (oant 2011 Wûnseradiel). It makke yn 'e Midsiuwen ûnderdiel út fan 'e wei dy't late fan it yn 1186 stifte kleaster Vinea Domini, by Surch, nei it kleaster Lúntsjerk by Almenum. Neffens de oerlevering soe it sadwaande oarspronklik benammen troch mûntsen brûkt wêze. It kaam dêrom bekend te stean as it Papeleantsje, nei 'papen', in skelwurd dat ferwiist nei it roomske leauwe fan dy iere brûkers.

Hoewol't beide kleasters al lang ferdwûn binne, bleau it Papeleantsje iuwenlang bestean. Yn 'e tweintichste iuw waard it oanwiisd as ûnderdiel fan in kuierrûte. Yn it foarjier fan 2018 waard it paad fierhinne ferwuostge doe't in boer ien fan 'e berinnende sleatten temûk tichtsmite liet en in likernôch 400 m lang stik út it histoaryske trasee omploege en ynsiedde mei nôt om it by syn (oanswettende) ikker te lûken. Doe't dat ûntdutsen waard, stelde de ûntrêstge FNP der yn 'e gemeenteried fan Súdwest-Fryslân fragen oer, mar wethâlder Stella van Gent antwurde dat de gemeente gjin mooglikheid seach om tsjin 'e oangeande boer fanwegen te kommen, mei't de fernieling plakfûn hie doe't it âlde bestimmingsplan noch gou, wêryn't it sljochtsjen fan it paad straffeleas mooglik wie. De gemeente achte it mei dêrom likemin mooglik om 'e boer te twingen en bring it âlde sleattepatroan werom.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vogelzang, Elizabeth, Weer een Eeuwenoud Pad Weg: Papenlaan Platgeschoven, yn: de Ljouwerter Krante, 22 juny 2018, s. 23.