Springe nei ynhâld

Pieter Baukes Yetsenga

Ut Wikipedy
Pieter Baukes Yetsenga
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Pieter Baukes Yetsenga
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 novimber 1865
berteplak Arum (Fryslân)
stjerdatum 2 septimber 1943
stjerplak Arum (Fryslân)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport keatsen
debút 1883
karriêre-ein 1901
wichtige prestaasjes
PC: 3× earste priis + 2× kening
PC: 2× trêde priis

Pieter Baukes Yetsenga (Arum, 19 novimber 1865 – dêre, 2 septimber 1943) wie in Frysk keatser dy't yn 'e njoggentjinde iuw trije kear de PC wûn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yetsenga waard yn 1865 berne yn Arum, yn 'e doetiidske gemeente Wûnseradiel. Hy sette yn 1883 útein mei in karriêre yn it keatsen, en wûn yn 1890 de PC yn Frjentsjer mei in partoer dat fierders bestie út Jan Reitsma sr. en Taeke de Jong, beide ôfkomstich út Penjum. It wie Yetsenga dy't dat jiers ta kening fan 'e PC útroppen waard.

Yn 1893 wûn Yetsenga op 'e nij de PC, op 'e nij mei Jan Reitsma sr., dy't diskear as kening oanwiisd waard. De trêde man wie dat jiers Johannes Gerlofs Anema fan Skingen. Deselde trije mannen wûnen yn 1895 de PC wer. Dat wie foar Yetsenga de trêde kear dat er de PC op syn namme skreau, en de twadde kear dat er dêr ta kening útroppen waard. Neitiid behelle er yn 1900 en 1901 noch twa kear in trêde plak op 'e PC, en yn 1901 einige er by de Bûnspartij foar Senioaren op it fjirde plak.

Ek bûten de PC keatste Yetsenga in soad mei Jan Reitsma sr. en Johannes Gerlofs Anema. Harren partoer wie sa súksesfol, dat se de bynamme 'de Trije Keningen' krigen. Der waard sels in sigaremerk nei harren ferneamd. Yetsenga garre yn totaal 55 punten op foar it Ivich Keatsklassemint foar't er oan 'e ein fan it keatsseizoen fan 1901 syn keatswant oan 'e wylgen hong. Hy kaam yn 1943 yn 'e âlderdom fan 77 jier yn syn berteplak Arum te ferstjerren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: