Minnistetsjerke (De Westereen)
Fermanje | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | De Westereen | |
adres | Foarstrjitte 44 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1904 |
De Minnistetsjerke oan de Foarstrjitte is de fermanje yn De Westereen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik dielden de menisten fan De Westereen in tsjerke mei de menisten fan Kollumersweach. De meniste gemeente soe tusken 1600 en 1620 ûntstien wêze en fertsjintwurdige in ridlik diel fan de befolking fan de twa doarpen. Yn 1816 waard de âlde fermanje ôfbrutsen en yn De Westereen, dêr't noch gjin inkelde tsjerke stie, op de hoeke fan de Foarstrjitte en de Ferlingde Stasjonsstrjitte wer opboud. Nei de bou fan in herfoarme tsjerke yn De Westereen (1834) en it ferstjerren fan dûmny Bosma (1838) rekke de doperske gemeente yn it neigean. De fermanje waard ferkocht; der kaam in smidterij yn en letter twa arbeiderswenten en yn 1934 waard it gebou ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in wente foar de dokter.[1]
Oant yn it begjin fan de 20e iuw moasten de Westereender menisten foar de tsjerketsjinst nei Feanwâlden of Dantumawâld. Yn 1904 slagge it de dûmny's fan Feanwâlden en Dantumawâld mei help fan frijsinnige leden fan de herfoarme tsjerke wer in tsjerke te bouwen foar de menisten yn De Westereen. It iuwfeest fan de fermanje waard op 8 maaie 2004 fierd.[2][3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tagelyk mei de bou fan de tsjerke waard it oargel troch Bakker & Timmenga boud.[4]