Marianne Vaatstra

Ut Wikipedy

Marianne Vaatstra (De Westerein, 10 augustus 1982 - Feankleaster, 1 maaie 1999) wie in famke út De Westereen dy't doe't se 16 jier âld wie, ferkrêfte en fermoarde waard, yn in greide by Feankleaster, yn de nacht nei Keninginnedei.

Undersiik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Iepenbier Ministearje hat op 1 july 2003 it ûndersiik ôfsletten sûnder dat de saak oplost wie. Op 18 novimber 2012 waard lykwols boer Jasper S. fan Aldwâld arrestearre nei in DNA-besibbenensûnsersyk en op 6 desimber 2012 hat er de moard tajûn. It IM easke 20 jier finzenis.
Op 19 april 2013 feroardielde de rjochtbank yn Ljouwert Jasper S. ta in finzenisstraf fan 18 jier foar ferkrêfting en moard.

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It monumint foar Marianne Vaatstra

Yn de Westereen stiet in monumint ta de neitins fan Marianne Vaatstra, ûntwurpen troch Hans Jouta yn oerlis mei de famylje Vaatstra. It waard 25 septimber 2004 ûntbleate as part fan de Lanlike dei tsjin geweld, dy't alle jierren troch de Feriening foar Respekt en Solidêrens organisearre wurdt.