De Swadde
Appearance
De Swadde is in âlde grinsfeart tusken Kollumerlân en Achtkarspelen, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. De namme komt fan 'Swette' as algemiene namme foar in (grins)sleat. De Swadde is tagelyk ek de grins mei de elzesingels dy't oan de noardkant faak de stikken lân faninoar skiede en de beamwallen oan de súdkant. Ek lizze yn dit gebiet in protte pingoruïnes. Grutte stikken fan de Swadde rint tsjintwurdich in fytspaad bylâns.