Holwerter Feart
De Holwerter Feart is in feart yn de gemeenten Dongeradiel en Ferwerderadiel.
De feart rint fan de Dokkumer Ie nei it noarden troch Ferwerderadiel, as in opfeart nei Lichtaard. Yn dat plak keart de feart foar in fearns kilometer nei it easten, dêr't de Flieterperdyk bylâns rint, mar rint dan wer nei it noarden, feitlik as it begjin fan de Blijer Feart. Dêr't it wetter dy namme krijt, giet it wetter nei Holwert ûnder de namme "Dwarsmear" fierder nei it easten. Oan de eastein fan de Dwarsmear, yn Dongeradiel, is de sitewaasje krekt oarsom: dêr begjint de "Holwerter Feart" wer, as de fuortsetting fan de Raarder Feart. Goed in kilometer foar Holwert foarmet de Harinxmafeart in sydfeart nei it easten. Uteinlik komt de Holwerter Feart mei noch mear rjochtingferoarings oan de súdwestkante fan Holwert út.
De namme Holwerter Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Holwerdervaart.