Michiel Schrier
Michiel Schrier (Vlaardingen, 17 maaie 1972) is in Frysk SP-politikus út Drachtster Kompenije.
Schrier is ôfstudearre as sosjaal psycholooch. Hy hat lang yn it UMCG wurke op de ôfdieling ûntjouwingsneurology. Dêrnjonken is er bestjoerslid by de stifting Kat in Nood.[1]
Politike karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Michiel Schrier hat sân jier lang riedslid foar de SP yn de gemeenteried fan Smellingerlân west. Yn april 2015 skode syn partij him nei foaren as deputearre. De SP sit mei CDA, FNP en VVD yn de koälysje. Kielstra waard de earste SP'er yn de Deputearre Steaten fan Fryslân. Yn syn portefúlje hat er Miljeu en hanthavening (ynklusyf de FUMO), Duorsume enerzjy (ynklusyf de Mynwet), Sosjaal belied en soarch, Fyts- en kuierbelied en Sport.
Schrier is listlûker foar de SP by de Provinsjale ferkiezingen fan 20 maart 2019.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|