Betzy Akersloot-Berg

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Portret fan Betzy Rezora Berg skildere fan Sientje van Houten, 1887

Betzy Rezora Akersloot-Berg (Aurskog, 16 desimber 1850Flylân, 18 desimber 1922) wie in Noarsk-Nederlânsk keunstskilderesse.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akersloot-Berg waard as Betzy Rezora Berg yn 1850 yn Aurskog (Noarwegen berne as dochter fan grutgrûnbesitter Casper Cristiansen Berg en Bartha Nordbye. Se waard ferpleechster en sindelinge ûnder de Samen yn it noarden fan Noarwegen. Se fielde lykwols mear foar it skilderjen, dat hja besluet ta in stúdzje oan de keninklike tekenskoalle yn Oslo. Se krige dêr ûnderjocht fan Otto Sinding. Ek doe't dy him ein jierren tachtich yn München festige bleau hja syn learlinge. Yn dy tiid learde se it wurk fan Hendrik Willem Mesdag kennen. Lykas Mesdag fielde se har bot oanlutsen ta it skilderjen fan de see. Se krige les fan him yn it marineskilderjen. Yn 1887 waard se portretearre troch har freondinne Sientje van Houten, de twadde helte fan Mesdag. Fia de Mesdags krige se ek kunde oan de widner Gooswinus Akersloot, de âld-boargemaster fan Hoevelaken. Se boaske oan him op 2 maart 1893 yn Papendrecht. It pear festige har yn 1896 op Flylân en kochten dêr it âldste hûs fan East-Flylân, it museum Tromp's Huys fan no. Tichteby it hûs liet hja in atelier sette. Har wurk wie yn ferskaat oan lannen te sjen, lykas yn Belgje, Denemark, Dútslân, Frankryk, Nederlân, Noarwegen, Tsjechje en Sweden.

Akersloot-Berg stoar desimber 1922 yn har hûs op Flylân en waard dêr ek beïerdige.

Har œuvre fan goed 300 skilderijen, tekeningen en printen wurdt foat it grutste part troch museum Tromp's Huys beheard. Mar ek it Nasjonaal keunstmuseum yn Oslo, it Stavanger keunstmuseum, it Nationalmuseum yn Stokholm, de Weekend Væringsaasenscollectie yn Elverum en it Frans Hals Museum yn Haarlim hawwe har wurk yn de kolleksje.[1] Yn 1992 wiene 28 fan har skilderijen te sjen op in tentoanstelling yn it Noardlik Skipfeartmuseum yn Grins; 1996 wie der in útstalling yn har berteplak Aurskog en 2004 ien yn it Nordkappmuseet yn Honningsvåg. By gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan museum Tromp's Huys yn 2010 waard in tentoanstelling oan it wurk fan Hendrik Willem Mesdag, Sientje van Houten en Betzy Akersloot-Berg wijd.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Douma, Marian en Maartje de Haan, Olieverf, penselen en zeewater: de schildersvrienden Betzy Akersloot-Berg, Hendrik Willem Mesdag en Sientje Mesdag-van Houten, Swol, 2010
  • Bell, Brit Betzy Akersloot-Berg, 1850-1922: zeeschilderes, Frjentsjer, 2000
  • Gerritsen-Kloppenburg, Mieke [et al.] De kunst van het beschutte bestaan: vijf schilderessen aan het begin van deze eeuw : Thérèse Schwartze, Betzy Rezora Berg, Jacoba van Heemskerck, Ans van den Berg, Betsy Osieck, Heerlen, 1991


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. (no) Norsk Kunstnerleksikon: Betzy Akersloot-Berg