Springe nei ynhâld

Waadrinnen

Ut Wikipedy
In groep waadrinners op it waad by Piterbuorren.

Waadrinnen is in rekreaasjesport wêrby't minsken by leechwetter it waad oerrinne nei ien fan de Fryske eilannen. Dat fynt plak oer it wantij. Waadrinners rinne oer slyk, sânplaten en oer mokselbanken, dy’t foar in part ûnder wetter lizze.

By in grut tal tochten moat in ferskaat oan prielen en slinken trochwâde wurde. Dêrby kin it wetter ta boarsthichte komme. De swierte fan de tochten is ôfhinklik fan it doel fan de tocht, mar benammen fan it waar. Bygelyks hurde noardwestenwyn stoot it wetter op, wêrtroch't it rinnen dreech wurdt.

Waadrinne nei Skiermûnteach

Yn Nederlân kin hast nei alle waadeilannen rûn wurde. De bewenne eilannen It Amelân en Skiermûntseach binne relatyf maklik te berikken. Ek ûnbewenne eilannen en sânplaten lykas De Kalkman (Ingelsmanplaat, Simenssân, Rottumereach en Rottumerplaat binne rinnend te dwaan. De tocht nei Rottumerplaat mei net makke wurde yn ferbân mei it hoedzjen fan de natuer. Nei Skylge wurdt allinnich rûn troch rinners mei in protte ûnderfining. Ek Teksel en Flylân kinne begien wurde. Mar dat bart mar hiel inkeld troch aventoerlike waadrinners.

Yn Dútslân kin fan de fêste wâl ôf nei de eilannen Norderney, Baltrum, Langereach, Spikereach en Minsener Each rûn wurde. Soks kin ek nei Nijwurk (Neuwerk) dien wurde. Dat kin sels mei hynder en wein. Der bestiet tusken de eilannen Oomram en Feer ek in waadrinrûte.

It Waadeilân Boarkum, dat foar de kust fan Grinslân leit, is likegoed te berinnen. Dy tige drege tocht is, foar safier bekend, noch mar twa kear slagge. De tocht is sa swier omdat er lang is en omdat der kilometers lang rûn wurde moat troch wetter op skouderhichte. Troch de lingte moat de sânplaat Lytse Herne (Lütje Hörn) earst ‘oerfloede’ wêze. Dat betsjut dat der op dit 'kuierend' eilân wachte wurde moat oant it wetter wer sakke is, wêrnei't de tocht wer fierder gean kin. Ornaris is dat fûgeleilân net frij tagonklik.

Yn Denemark kinne waadrinners nei de Noard-Fryske eilannen Mandø, Fanø en Langli rinne.

Omdat it waadrinnen foar minsken sûnder ûnderfining gefaarlik wêze kin, is it allinnich tastien om ûnder begelieding fan troch de oerheid erkende gidsen it waad oer te stekken. Dy gidsen meie in lyts tal rinners meinimme.

Waadrintochten wurde út ferskillende plakken wei organisearre. Bygelyks troch it Waadrinsintrum en de firma Dykstra yn Piterbuorren. Yn Holwert sit it Waadrinsintrum Fryslân. Dêr hat de firma Dykstra ek in fêstiging. Op it ynternet biede in protte selsstannige waadringidsen harren tsjinsten oan.

Selsstannich waadrinnen (op eigen manneboet) lit de Nederlânske oerheid gewurde.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]