Plinius de Aldere

Ut Wikipedy
Plinius de Aldere, 18e-iuwsk ôfbyld

Plinius de Aldere (Latyn, folút: Gaius Plinius Secundus maior; Komo, 23 nei Kr. - ûnder Stabiae, 25 augustus 79), mei de bynamme maior, d.i. de Aldere, om him ûnderskiede te kinnen fan syn omkesizzer Gaius Plinius Caecilius Secundus minor, better bekend as Plinius de Jongere, wie in Romeinsk militêr, letterkundige en amateur-wittenskipper.

Hy wie in freon fan keizer Fespasianus. Hy wie de measte tiid dwaande mei stúdzje, skriuwen en it ûndersykjen fan natuerlike- en geografyske ferskynsels. Dit resultearre yn in ensyklopedy, Naturalis Historia, wat in foarbyld waard foar eltsenien dy't him letter oan in fergelykber wurk sette. Yn boek XVI beskriuwt er it lân sûnder beammen fan de Sjauken tusken de Noardsee en de wâlden, dêr't minsken op terpen wenje en ierde as branje brûke.

Plinius hat it befel oer mear as ien legers yn ferskate Romeinske provinsjes hân. Yn 47 wie der by doe't de Sjauken ferslein waarden, 50/51 fjochte er yn wat no Noardhessen is. Fierders begelate Plinius, de lettere keizers Fespasianus en Titus op har fjildtochten nei Germaanje.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]