Germaanje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Germaanje yn de âldheid

Germaanje, (Latyns: Germania) wie it gebiet oan de oare side fan de Ryn en de Donau dêr't de Germaanske stammen wennen. De namme komt fan de Romeinen út de tiid dat sy foar it earst militêr en polityk yn kontakt kamen mei de ynwenners. Tusken 12 f. Kr. en 16 n. Kr. makke it diel út fan it Romeinske Ryk as de provinsje Germania Transrhenanum, Germaanje oer de Ryn.

Earste kontakten mei de Romeinen[bewurkje seksje | edit source]

De earste kontakten mei Germaanje stamje út de tiid dat Julius Caesar syn militêre kampanjes yn Galje hâlde. Hy hie doe te krijen mei Germaanske stammen dy't fan plan wienen om harren súdlik fan de Ryn dêr te fêstigjen. Neidat hy Galje oermastere hie hie stiek er yn 55 en 53 f. Kr. twa kear de Ryn oer om de Germanen de macht fan Rome te toanen. Syn relaasje mei de befolking wie lykwols muoisum.

Romeinsk Germaanje[bewurkje seksje | edit source]

Om de grinzen fan it ryk better te ferdigenjen waard ûnder keizer Augustus in begjin makke mei de oermastering fan it gebiet op de rjochter igge fan de Ryn. Troch Drusus waard it gebiet oant de Elbe yn besit nommen as buffer tusken de Germanen en Galje.

As Drusus yn 9 f. Kr. komt te stjerren, nimt Tiberius syn wurk oer en wurdt der besocht om Germaanje om te foarmjen ta in Romeinske provinsje. De pasifikaasje fan it gebiet ferrint lykwols fan begjin ôf oan muoisum. De Germanen wienen in oarlochssuchtich folk en it Germaanske gebiet wie yn dy tiid noch frijwat ûnherberchsum mei in protte wâlden en sompen. Doe't yn 9. n. Kr. in grut part fan de Germaanske stammen yn ôpstân kaam ûnder lieding fan Herman en de Romeinske legioenen yn it Teutoburgerwâld ferneatigjend ferslein waarden yn de Farusslach, waard it leger útwreide ta acht legioenen.

Lykwols kaam ûnder keizer Tiberius yn 16 in ein oan de pasifikaasje fan it gebiet troch de Romeinen en waard de polityk fan it meitsjen fan in buffersône loslitten. Reden foar dat loslitten hawwe de eigen ûnderfinings fan Tiberius west yn Germaanje. De Germaanske stammen dy't earder ûnderling slim ferdield wienen, waarden troch de Romeinske oanfallen just twongen gear te wurkjen om meiïnoar de Romeinske legers te kinnen wjerstean. Op grûn dêrfan achte Tiberius de grutte offers dy't dien wurde moasten om it grutte slim tagonklike gebiet te betwingen net mear yn oerienstimming mei de opbringsten. Wylst mar inkele troepen yn Germaanje efterbleaunen, waard it grutste part fan it Romeinske leger weromlutsen efter de Ryn, dat de nije grins waard om Galje te beskermjen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]