Springe nei ynhâld

Reider Ie

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Reider Ae)

De Reider Ie of Reider Ae wie de fuortsetting fan de Westerwâldske Aa en de wichtichste stream yn it Reiderlân. De Reider Ie bûgde op it plak dêr't de hjoeddeiske Westerwâldske Aa yn de doe folle lytsere Doalert nei it noardwesten en mûne op hichte fan de hjoeddeiske Punt fan Reide út yn de Iems.

De namme Reider Ae waard yn de iere santjinde iuw pas neamd, earder waard der allinnich sprutsen fan Ae of Ee. In kaart út 1616/1617 stelt dat it by dy namme giet om de Pekel A, dy't dêryn as Olde Pekel alias Reijder A oantsjutten waard. Ek de Rensel waard yn 1559 die Rydt neamd. De eardere rin fan de Westerwâldske Aa by Blijham stie yn de santjinde iuw bekend as Olde Ae of Olde Recker Aa.

De Reider Ie ferparte it Reiderlân yn twaen. Noch foar de earste trochbraak fan de Doalert waard it Reiderlân bestjoerlik al ferparte en it gebiet beëasten de Reider Ie kaam by East-Fryslân. It is net wis mei hokker rjocht it Reiderlân ferparte waard, mar yn 1427 wie dat al dien. Mooglik late de tsierderijen tusken Skier en Fet yn de iere fyftjinde iuw dêrta. De Reider Ie waard de grins fan it greefskip East-Fryslân.

Nei it trochbrekken fan de Doalert hold de Reider Ie frijwol deselde rin, oant dy yn de iere achttjinde iuw nei it noardwesten begûn te ferskowen. It waard letter ek de ryksgrins tusken Nederlân en Dútslân en it ferskowen fan de rin late ta argewaasje oan beide kanten. Hjoed-de-dei wurdt de namme Reider Ie hast net mear brûkt. Yn plak dêrfan wurdt de namme fan de Westerwâldske Aa brûkt, en uterdyks foar de stream yn de Doalert wurdt de namme Buiten Aa brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: